Pûlen yn de pot
Sjieuwe Borger
Elikser, 2018

Pûlen yn de pot is in roman fan Sjieuwe Borger. Haadpersoan Sybren is krekt fan Marja ôf, se seach it net mear yn him sitten. In studintefeest rint slim út 'e hân, Sybren lit him meislepe. Tsjin dizze achtergrûn siket er syn wei en tinkt er nei oer de persoan dy't er is en dejinge dy't er wêze wol. Uteinlik komt er yn 'e kunde mei Tsjitske, in frou dy't mear yn him losmakket as allinnich mar ferlet fan seks.

Oaren oer dizze titel
Doeke Sijens, LC 18-01-2019
Sietse de Vries, LC 08-03-2019 (fraachpetear)