Poetic Potatoes
Ferskate auteurs
Stichting De Bildtse Aardappelweken, 2018
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Fjouwertalige bondel (Malteesk, Ingelsk, Nederlânsk en Frysk) mei gedichten, artikels en resepten. Ferskynd by de ôfsluting fan it fiif jier duorjende projekt Poetic Potatoes (2014-2018).
Yn 2018 binne Ljouwert en Valletta, haadstêd fan Malta, de kulturele haadstêden fan Europa. Ljouwert en It Bilt hawwe al in relaasje mei Malta sûnt 1850. Alle jierren oan de ein fan septimber ferlitte de earste poatierappels It Bilt en geane se op de boat nei Malta. Yn maart komme de nije ierappels, út it setguod groeid, deselde wei werom. Malta en Fryslân binne beide offisjeel twatalich en hawwe in grutte skat oan moderne en klassike poëzij. Dat late ta in literêr poëzijprojekt: in útwikseling fan Fryske en Malteeske gedichten op de ierappelsekken dy’t hinne wer wer geane.
Poetic Potatoes hat de Piter Jellespriis 2019 krigen. Ut it sjueryrapport: ‘Dit spesifike projekt mingt ek mear as allinnich talen trochinoar, it mingt twa soarten fan publyk: ierpelboeren en dichters, en twa nasjonaliteiten: Maltezen en Friezen. En sûnder dat it allegear ek mar even benearjend wurdt of nasjonalistysk begjint te klinken, lit Poetic Potatoes de wearde en de krêft fan it lokale en fan de eigen kultuer sjen.’
Oan dit projekt waard meidien troch: Hein Jaap Hilarides, Janneke Spoelstra, Arjan Hut, Grytsje Schaaf, Gryt Witbraad, Sytse Jansma, Willem Schoorstra, Albertina Soepboer, Tjitte Piebenga, Bartle Laverman, Tsead Bruinja, Wilco Berga, Geart Tigchelaar, Simon Oosting, Yva Hokwerda, Edwin de Groot, Sigrid Kingma, Tsjisse Hettema, Arjen Dijkstra, Sannemaj Betten, Remco Kuiper en Sito Wijngaarden.
Oaren oer dizze titel
Sjueryrapport Piter Jellespriis
De webside fan Poetic Potatoes
De Moanne (dossier)