Heech Tymo, sjoch omheech
Koos Tiemersma
Het Nieuwe Kanaal, 2018
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Tymo syn mem is in Frou Sûnder Man. No tinkt se dat se miskien wol in leuke nije freon fûn hat. Ferdy hat in kanarjegiele auto en leit de hiele dei te luilakjen op de bank dêr’t Tymo sa graach op sitte mei om te gamen. Dêrom wol Tymo dy nije flam fan syn mem sa gau mooglik ta de doar út hawwe. Tagelyk wurdt it no echt tiid dat se in leukere freon fynt, tinkt er. Mar hoe moat er dat oanpakke? En dan komt der in nij jonkje by Tymo yn de groep. Dy’t in hiel spannende Heit Sûnder Frou hat, in echte keunster dy’t bylden sa grut as in reus makket. Soe dy net mei syn mem wolle? Al gau komt Tymo derachter dat it allegear net sa maklik is, hielendal as Bahar neist him te wenjen komt.
Dit boek waard nominearre foar de Simke Kloostermanpriis 2019.
Oaren oer dizze titel
Tjitske van Dijk, Tante Tjits 30-10-2018