famke fan snie
Paul van dijk
Afûk, 2018
-
liene by TRESOAR
-
Liene by de IEPENBIERE BIBLETEEK
Mei de publikaasje fan Famke fan snie yn 2018 makke Van Dijk syn debút as dichter. Liedend tema is it ferlies fan syn dochterke dat yn 2012 ferstoar. De oansetten foar de bondel ûntstiene út syn gewoante om moarns foar it iten wat te skriuwen wei. Yn de gedichten fertelt Van Dijk hoe't er troch dat ferlies rekke waard en ûndersiket er wat der doe yn him omgie. Oare tema's binne de bosk, de Súdwesthoeke, muzyk en keunst.
Foar dizze bondel krige Paul van Dijk yn 2022 de D.A. Tammingapriis takend.
Famke fan snie
ik tink oan it famke
dat yn myn hânpalm
feroare yn snie
in tel
lei se as in spegelstille mar
yn myn hannen
oant se my foargoed
tusken de fingers troch dripte
winterstjerren struie
kâld ljocht troch it rút
ik doch de brutsen doar
fan har keammerke ticht
de koesters, de knuffels
it ledikant, alles
mei snie tadutsen
Oaren oer dizze titel
Elmar Kuiper, LC 28-09-2018
Abe de Vries, FD 02-06-2018
Gerbrich van der Meer, FD 16-05-2018 (fraachpetear)
Geart Tigchelaar, YouTube 07-09-2018 (fideobesprek)
Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite