It parfum
patrick süskind (oers. jan popkema)
regaad, 2018

‘Se hie read hier en droech in grize mouleaze jurk. Har earms wiene hiel blank en har hannen giel fan de iepensniene mirabellen. Grenouille stie oer har hinne bûgd en sûgde har rook no yn, ûnfermongen, sa’t dy út har nekke kaam, út har hier, út ’e iepening yn har jurk, en liet dy by him binnenstreame as in mylde wyn. Noait hie er him sa goed field. It famke lykwols fernaam kjeld.’

Yn it Frankryk fan de achttjinde iuw stjonkt it. Slim. Mids alle roken, goed en kwea, ûntjout de jonge Jean-Baptiste Grenouille him mei syn boppeminsklik goede noas ta in geniaal parfumeur. Mar sa skerp as syn noas is, sa stomp is syn gewisse. Yn syn syktocht nei it ultime parfum is mearfâldige moard foar Grenouille oars net as in needsaaklik kwea. It parfum. De skiednis fan in moardner fan Patrick Süskind (1949) is in moderne klassiker dy't al mear as 20 miljoen kear ferkocht is. No, yn de oersetting fan Jan Popkema, is er ek yn it Frysk beskikber.

De Fryske oersetting fan Das Parfum waard yn 2020 bekroane mei de dr. Obe Postmapriis, foar de bêste oersetting tusken 2016 en 2019.

De kommisje skriuwt oer It parfum: “Men fielt de emoasje, rûkt de stank, mar ek it ferskaat oan roken en men sit yn ’e holle fan de moardner fan Marianne. In hiel rike oersetting en in prachtige prestaasje!

Oaren oer dizze titel
Jan Breimer, It Nijs, besprek
It boek by de bibleteek, passend lêzen
De Fryske Wikipedia