De parallaks
Janneke Spoelstra
Afûk, 2019

De parallaks is de earste roman fan Janneke Spoelstra. Yn dit boek wurde trije haadpersoanen opfierd: Famk (30), Lokke (50) en Wyb (70). Alle trije binne se lesbyske, mar omdat se net like âld binne, ferskilt it perspektyf. Sa hat Wyb earst troud west mei Jelle, mei wa't se twa bern krige hat. Pas letter gie se fierder mei Wilma dy't der ûnderwilens net mear is. Famk lit de hûn fan Wyb út. Ek sy is allinnich, it is út mei Bianca. De tredde haadpersoan, Lokke, is ek op harsels oanwiisd: har Eef docht in taalûndersyk yn Kanada. Al spylje de trije froulju in rol yn elkoars ferhalen, úteinlik geane se alle trije har eigen wei.

Oaren oer dizze titel
Sietse de Vries, LC 19-04-2019 (fraachpetear)
Antje van Schepen, Heit en Mem 17-06-2019 (besprek) 
Doeke Sijens, LC 31-05-2019
Omrop Fryslân podcast, fragmint De Parallaks