It sjaaltsje
Hylkje Goïnga
AFÛK, 2019

  • liene by Tresoar
  • Liene by de iepenbiere bibleteek [link folget**]

Yn It sjaaltsje (en njoggen oare ferhalen) steane tsien teksten dy’t karakteristyk binne foar Hylkje Goïnga (1930-2001): koart om ’e hoeke, humoristysk en net sûnder tragyk. Tusken 1971 en 1993 publisearre se seis bondels. Se wurdt wolris ferlike mei de Ingelske skriuwer Roald Dahl, se kin it ûnwierskynlike as deagewoan foarstelle. De ferhâlding tusken man en frou is it weromkommende tema. De lêzer wurdt geregeld op ’e ferkearde skonk set, om’t de ferhalen oan de ein faak in ûnferwachte, soms absurde draai meitsje.

 It boek is foarsjoen fan in foarwurd fan Douwe Kootstra dy’t de bondel ek gearstalde.

Oaren oer dizze titel
Pieter Zuidema, Heit&Mem 09-01-2020