super!
Anny de jong
Audiofrysk, 2019

Pake set de doar fan it hok waachwiid iepen. Hidde sjocht mei grutte eagen om him hinne. Foar him steane trije platte huzen. ‘Wat stelt dit foar?’ Pake laket. ‘Dit wurdt in dekor.’ ‘Dat moat pake even útlizze. Of mei ik riede?’ ‘Ried mar.’ Hast in fyts mei in bakje foarop? Dan likest op Hidde. Hat dyn hûn in swart en in wyt ear? Dan liket er op Twirre. Do hast fansels in gewoane kat. Read en grou. Dy liket dus op Top.

Oaren oer dizze titel