the challenge
anita terpstra, oersetting martsje de jong
Elikser, 2019

‘Wêr bin ik? Wat is dit? Wa binne jim?’ frege Jesse bang. Hy siet op in houten stoel. Syn hannen wienen fêstbûn achter syn rêch, syn ankels fêstmakke oan de spilen. Hy koe gjin kant op. Foar him stienen twa figueren yn swarte overals, de gesichten ûnwerkenber, om’t se in mûtse op hienen dy’t harren hiele holle beduts, op de eagen nei. Jesse wurdt ûntfierd troch twa ûnbekende figueren. Se twinge him om mei te dwaan oan The Challenge: in soarte fan spul wêrby’t er in oantal walchlike opdrachten útfiere moat, sa as bygelyks fiif teanneils opite. It hiele barren wurdt live útstjoerd. Wa binne de beide figueren? En wêrom ha se him pakt?Wilens hâldt ien it trijetal yn ‘e gaten…

It boek is in útjefte yn de rige LêsNo, in lêsbefoarderingsprojekt Frysk foar de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis.

Oaren oer dizze titel
Sietse de Vries LC 17-01-2020