Brutsen en oare stikken
Sander Hoekstra
Eigen behear, 2020

  • liene by Tresoar [link folget**]
  • Liene by de iepenbiere bibleteek [link folget**]

Brutsen en oare stikken is de debútbondel fan Sander Hoekstra, ûntstien nei in ûngemak by him thús, met twa moannen fan twongen rêst nei in operaasje. Yn dizze bondel binne 48 gedichten opnommen, mei foar de titels it alfabet as liedend elemint. By de gedichten binne troch Skelte Siweris Braaksma in stikmannich yllustraasjes makke.

Sander Hoekstra (1964, Opperdoes) hat in brânbefeiligingsbedriuw te Oerterp. It skriuwen hat er net fan frjemd, sawol heit Klaas Hoekstra (oersettingen Chausser nei it Frysk) en broer Eric binne bekende nammen yn de Fryske skriuwerij. Sûnt 2016 is er algemien bestjoerslid fan 'e Jongfryske Mienskip. Syn gedichten binne publisearre by It Nijs en yn Nij Frisia, it magazine fan 'e Jongfryske Mienskip. Op dit stuit is er dwaande mei in twadde bondel en in roman. Op syn facebookside skriuwt er freeds in stikje oer de aktualiteit, 'mei humoer en licht ôfwaaid praat', sa't er dat sels omskriuwt.

It titelgedicht fan dizze bondel:

As dyn wurden net better binne as it sekuer tikjen fan’e klok,
as dyn wurden net te hearren binne yn ’e stilte foar de stoarm,
as dyn wurden net fol fan leafde binne, mar fan wrok,
dan is it te let foar de leafde, te let foar inoar.

As tegearre net mear is as twa minsken op besite,
as tegearre net mear is as in fersliten gouden ring,
as tegearre net mear betsjut as yn swijsumens ite,
dan is it te let foar de leafde, te let foar inoar.

Asto my sjochst, dan begjint it al,  dyn argewaasje,
asto my sjochst, dan sjochst my leaver mar wer gean,
asto my sjochst, dan wurdt it in muoisume situaasje,
dan is it te let foar de leafde, te let foar inoar.

Sa, ik sil fuort, haw it bêste mei dy foar.
Sa, ik sil fuort, boude myn libben om dy hinne.
Sa, ik sil fuort, lit myn hoop achter by de doar.
It is te let, nea foar de leafde, mar wol foar inoar

Oaren oer dizze titel