Silke en Miss Dee
Baukje Wytsma
Afûk, 2020

De âlde Miss Dee dy’t yn Ingelân berne is, wennet mei hûn en kat in eintsje bûten it doarp, ticht by de bushalte. De minsken fine har mar raar, want se sammelt fan alles en noch wat. Har hiele hûs leit fol. Bomfol. Sa is Miss Dee gek op kranten. Der lizze steapels troch it hiele hûs en der hingje selsmakke gerdinen fan krantepapier foar de finsters.

As Silke, in famke dat in eintsje fierderop op in pleats wennet, op in kear yn it krantehûs skûlje mei foar de rein, ûnstiet der in bysûndere freonskip. Sa komt Silke stadichoan mear te witten oer it libben fan Miss Dee yn Ingelân en fansels ek oer de Ingelske taal! Ek leart Silke wat se dwaan moat as oare bern har pleagje. En noch folle mear!

It boekje is trijtalich: Frysk, Nederlânsk, Ingelsk. Dit boek waard ein 2021 troch IBBY-Nederlân foardroegen foar de IBBY Honour List 2022.

Oaren oer dizze titel
Tjitske van Dijk, Tante Tjits 03-04-2020
Dieuwke van der Meer, Heit en Mem 08-06-2020