Ntrije55
Elske Kampen
AFÛK, 2020

Ntrije55 is in bondel fan Elske Kampen út 2020. De fynst fan lyts yndustrieel ôffal, lykas eintsjes tou, stikjes metaal, glês en keunststof, by de N355 ûnder Hurdegaryp foarmen de oanlieding ta it skriuwen fan dizze gedichten. Hjiryn besiket Elske Kampen om dy fynsten, losrekke fan de funksje dy't se hiene, fan in nije betsjutting te foarsjen. De bylden yn de bondel binne fan deade matearje, mar roppe poëzy op dy't oer it libben giet.

Oaren oer dizze titel
Geart Tigchelaar, Ensafh. 14-03-2020 (fideobesprek)
Elmar Kuiper, LC 06-03-2020
Friduwyh Riemersma, Fers2 16-02-2020 (essee mei dêryn ek omtinken foar Ntrije55)
Reina Kroodsma, Heit&Mem 02-2020 (oer Ntrije55)
Ernst Bruinsma, Op en út 01-02-2020 (oer Ntrije55)