en it hie sa moai wêze kinnen
Durk van der Ploeg
het nieuwe kanaal, 2020

  • liene by Tresoar [link folget**]
  • Liene by de iepenbiere bibleteek [link folget**]

Ta eare fan Durk van der Ploeg syn njoggentichste jierdei ferskynden trije fan syn earder publisearre novellen yn ien bân:

De winter komt is it ferhaal oer Brand, in man op jierren. As er syn frou dea fynt yn ‘e loads, fertizet er yn fragen dy’t er himsels stelt. Wannear’t it net ta antwurden komt, beslút er har yn ‘t hiem te bedobjen. En as de feiten in bedriging foarmje, sjocht er gjin útkomst.

Bertegrûn. In jongfeint fynt it hiem dêr’t er opgroeid is ûnder opspuite lân en dolt in hoale om yn te wenjen. As se syn bousel mei de shovel opromje, wurdt er bedobbe yn syn hoale. At se beseffe dat de man bedobbe is, helje se him, mear dea as libben, út syn bertegrûn.

De sniewinter giet oer in widner en in keunstneres dy’t yn it tsjerkje fan Teard har atelier hat. Dy winters falle der protten snie en de keunstneres skildert hûs en hokken fan de widner. Har skilderijen wurde bekroand, mar de gemeente lit de hokken opromje. In striid oer keunst en amtlike regels.

Oaren oer dizze titel