In nuvere nacht
Anne-Goaitske Breteler
Drukkerij Douma, 2020

  • liene by Tresoar [link folget**]
  • Liene by de iepenbiere bibleteek [link folget**]

De tsienjierrige Lyske liket op it famke dat Rembrandt van Rijn skildere op de Nachtwacht. Rembrandt makke syn bekende keunstwurk yn de Gouden Iuw. No, sa’n fjouwerhûndert jier letter, sil it team fan Nachtwacht360 it wurk fan Rembrandt neimeitsje mei foto’s. Se hawwe Lyske frege om as model mei te dwaan oan it projekt.

Lyske hat gjin idee wat har te wachtsjen stiet. As se nachts nei de fotoshoot yn in Amsterdamsk hotel sliepen bliuwt, makket geblaf har wekker yn it jier 1641. Tegearre mei Rakker – de hûn op de Nachtwacht – en syn baaske Cornelia, belibbet Lyske in nuvere nacht.

Anne-Goaitske Breteler (Nes, 1996) groeide op oan ‘e seedyk. Nei har stúdzjes Antropology en Publieksskiednis yn Amsterdam, ferhuze se werom nei de Klaai. Fan dêrút ûndersiket, skriuwt en presintearret se ferhalen oer skiednis, stêd en plattelân. In nuvere nacht is har earste berneboek.

Oaren oer dizze titel