Blaumelly
Abe de Vries
DeRyp, 2020

  • liene by Tresoar [link folget**]
  • Liene by de iepenbiere bibleteek [link folget**]

Blaumelly is in bondel fan Abe de Vries. Ferdield oer fjouwer skiften wurde gedichten brocht dêr't it Noard-Fryske lânskip in grutte rol yn spilet. It grutte ferskaat oan ûnderwerpen (de ferhâlding heit-soan, de teloargong fan it lânskip, it dichtsjen sels: meitsje dit ta in bondel mei in soad fariaasje. Dêrneist is ek in tal oersettingen opnommen fan dichters lykas Osip Mandelstam, Lars Gustafsson, Czeslaw Milosz, Iosip Brodsky en Robert Frost.

De Dobbe

Achter de feart, in smelle sleat rint der net hinne

yn lân dêr’t inkeld boeren komme kinne,
lei in dobbe, dêr’t ûnderwettersliners -
gjin swimbad foar doekje-derom-winers -
har klykjes foar de winter snaaiden
fan ’e boaiem en út de glorieuze reiden.
Doe’t se kamen, wie it stil. De binnensee
(it simmersk drinkplak foar it toarstich fee)
yn sulverglinster brocht in ûnwaarsdûns
fan jildskodders en ’t ynvestearringsfûns.
Skrabbers, graafmasines griepen, in pomp
ferlege de spegel, in kop-hals-romp
baarnde droechlein nei in wjerljochtflits
as fakkel ôf op ien fan Fryslâns grutste hits.

Oaren oer dizze titel
Jelle van der Meulen, Friese-Literatuursite 19-10-2020