Bûntskildere werklikheid
Antsje Swart
Grotesk, 2020

  • liene by Tresoar
  • Liene by de iepenbiere bibleteek [link folget**]

Bûntskildere werklikheid is in boek mei aantinkens oan skriuwer Trinus Riemersma, skreaun troch Antsje Swart, dy't tsien jier mei him troud wie. Benammen wurdt yngien op syn manier fan wurkjen en syn motivaasje om te skriuwen sa't er skreau.

'Faaks wie er serieuzer as de oare jonges, of gefoeliger; mei wissens wie er tûker en hie er gjin sin om mei wa ek freonen foar it libben te swarren. Alles dat fêst siet yn ‘e wrâld fertsjinne in skop. Wis, in ferteller mocht him ferskûlje yn syn ferhalen. Mar wat er skreau moast sa wier wêze, dat it sear die.'

Oaren oer dizze titel
Abe de Vries, FD 27-11-2020
Jacob Haagsma, LC 18-12-2020 (fraachpetear)
Jelma Knol, Ensafh 07-02-2021 (besprek)