We strûpe derûnder!
Gjalt de Groot
Louise, 2020

  • liene by Tresoar [link folget**]
  • Liene by de iepenbiere bibleteek [link folget**]

As by’t hjerst de fûle súdwesterstoarmen it wetter út it marregebiet nei de Lege Midden fan Fryslân opwaaide en it om Grou, Warten en Earnewâld hinne heger en heger kaam, dan waard it ien grutte striid om boppe te bliuwen. It bûtenwetter fûn oer de polderdykjes en de binnenkrytsjes drigen fol te rinnen.

Gjalt de Groot skriuwt oer dy striid en oer it libben fan de minsken dy’t dêr fier efterôf wennen op harren buorkerijen mei legendaryske nammen as Luctor et Emergo, Laban, Cuba, Werklust en de Koaipleats, allegear steeën dêr’t men allinne mei de boat komme koe.

Oaren oer dizze titel
Jan Ybema, FD 04-11-2020 (fraachpetear)