It ferbeane boek
Hanneke de Jong
Bornmeer, 2020
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Fedde sit yn groep fiif. Hy hat it dêr wol nei it sin, op ien ding nei: hy kin noch net lêze. Kin er it net of wol er it net? Hy fynt lêzen stom en boeken hielendal!
Op in dei sjocht er by syn nuvere buorman Jan in hiel âld boek lizzen. In boek mei in slot derop. As hy it besjen sil, komt buorman krekt yn ‘e keamer en seit dat er noait wer oan dat boek komme mei. Dat boek is ferbean. En krekt dat boek wol Fedde lêze. Mar wêr soe it kaike wêze?
Oaren oer dizze titel