Fersen foar Fokje
Bertus Mulder
Bornmeer/Noordboek, 2020
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Yn de simmer fan 1881 krige de jonge Piter Jelles Troelstra ferkearing mei de boeredochter Fokje Frânses Pasma fan Westermar. Doe’t hy studint waard yn Grins, moast dit oer wêze neffens de famylje Troelstra.
Yn njoggentjin fersen fan Piter Jelles fynt men dêrfan de delslach. De Fersen foar Fokje beskriuwe syn jongfeinte lok en lijen. ‘De leafde foel as simmerrein m’yn ’t hert,’ skriuwt er. De opgong, de twifel, de hope op better as de ferkearing in jier tusken heakjes set wurdt, de ferstille wanhoop en mankelikens komme allegear werom yn dizze syklus.
Oaren oer dizze titel