De flecht fan Victor
Jan Schokker
Elikser, 2021

De flecht fan Victor is it sechsde boek yn in rige plysjeromans fan Jan Schokker mei Ale Alema yn de haadrol. Ale Alema is sûnt koart oan ’t sporten en dat is foar him ûngebrûklik. En dat syn kollega’s iderkear oer syn pensjoen begjinne, noasket him mar min. Mar op it buro hearsket de wenstige drokte. Apps tingelje, de telefoan giet in kear of trije oer en nijsgjirrige mails freegje Ale syn omtinken. Hy giet mei Wytske nei de famylje Pintano yn Aldskoat, dêr’t in wike lyn dochter Tine fan ferdwûn is. Heit is troch alles hinne, mem liket kalm. Dyselde dei noch stapt Tine fleurich de keamer wer yn. Noch gjin fjouwerentweintich oeren letter binne se alle trije fermoarde.

Dit boek is ek ferskynd as e-book.

Oaren oer dizze titel
Sippie Miedema, FD 08-01-2021 (fraachpetear)
Doeke Sijens, LC 09-04-2021 (besprek)