Beppe Xenia
Hein Jaap Hilarides
Bornmeer, 2021

Beppe Xenia is it twadde diel fan in roamansyklus oer de Biltske famylje Wassenaar fan Hein Jaap Hilarides.

Xenia is grutbrocht yn de Dravadelte fan Slovenië. Dêr treft se Freek Wassenaar, in boeresoan út it Bilt. Freek en Xenia wurde fereale en sette har nei wenjen yn Fryslân. Se trouwe yn 1933, it jier dat Hitler oan de macht komt yn Dútslân. Yn it begjin fan de Twadde Wrâldoarloch rint Xenia in âlde leafde tsjin it liif. Dietrich Kleeblatt wurket yn Nederlân foar de SD. De moeting mei Dietrich sil it libben fan Xenia en Freek bot yn ûnstjoer bringe.

Oaren oer dizze titel
Suwarda Vis, Franeker Courant 20-01-2021 (fraachpetear)
Elisabeth Post, LC 22-01-2021 (fraachpetear)
Sippie Miedema, FD 05-02-2021 (fraachpetear)
Jaap Krol, FD 01-03-2021 (besprek)
Doeke Sijens, LC 23-04-2021 (besprek)