Efter it tried, Häftling nû 10039
Reimer van Tuinen
Louise, 2021
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Efter it tried (dit is in werútjefte) is in dokumint dêr’t Reimer van Tuinen as Häftling nû 10039 syn ûnderfiningen yn it konsintraasjekamp Amersfoort yn werjout. Yn it boek wurde autobiografyske sketsen ôfwiksele mei seis gedichten, wêrûnder it lange, sprekkende gedicht ‘Transport nei Neuengamme (9 septimber 1944)’.
Van Tuinen jout in yngeand byld fan it deistige libben yn de barakken. Der is it wachtsjen, it omhingjen, it sinleas wurk – lykas it meitsjen fan boartersguod – de appèls yn ‘it roazetún’, it beruchte tún dêr’t kampfinzenen bytiden, waar of gjin waar, dagen oanien delset waarden, sûnder iten of drinken.
Elske Schotanus beskriuwt yn de ynlieding wa’t Reimer van Tuinen wie: túnker, fersetsman en skriuwer. Fan twa fan syn Fryske kampmaten, dêr’t hy de häftlinge-nûmers fan neamt, is beskreaun wa’t it west ha. Beide, Hein Sietsma en Hendrik Bethlehem, ha de oarloch net oerlibbe.
Oaren oer dizze titel
Sirkwy, dossier Befrijing yn de Fryske literatuer
Jacob Haagsma, LC 26-03-2021 (fraachpetear mei Elske Schotanus)