Wurden dy't gjin haven ha
Line Hut
Eigen behear, 2021

  • liene by Tresoar [link folget**]
  • Liene by de iepenbiere bibleteek [link folget**]

Wurden dy’t gjin haven ha is de debútbondel fan Line Hut (2001). It is begûn as in projekt foar skoalle. De gedichten binne skreaun nei oanlieding fan psychoatyske episoaden dêr’t se foar opnommen wurde moast. Guon gedichten ûntstiene al yn de klinyk. Havenleaze wurden dy’t har politike uterings ferbine mei de eangst foar helikopters, mar ek oer in nije bril dy’t har wer helder sjen lit, en in dream fan in eigen plak yn in nij normaal.

Sjoch my dit skriuwen.
Sjoch my net iten.
Sjoch my sliepen, dat ik stik.

(út “Hjir waakt de kamera”, s. 15)

Oaren oer dizze titel