Koartsluting op it Swynserhûs
Klaas Elgersma
KFFB, 2021

De dokumintêre roman Koartsluting op it Swynserhûs is it debút fan skriuwer Klaas Elgersma (1952).

Op it Swynserhûs, in pleats oan de Stienzerfeart ûnder Britsum, komt de oarloch wol hiel tichtby. De striid tsjin de besetter, soannen dy’t de leeftiid foar de Arbeitseinsatz ha, ûnderdûkers en boer en frou Haije en Emkje Elgersma dy’t inoar yn dizze spannende tiid net ferstean. Wat begjint út kristenplicht rint út op in tastân dêr’t se sels de rezjy finaal oer kwytreitsje.

Oaren oer dizze titel
Sietse de Vries, LC 23-04-2021 (fraachpetear)
Ruurd Walinga, FD 28-04-2021 (fraachpetear)
Doeke Sijens, LC 04-06-2021 (besprek)