Underweis
Rommert Tjeerdsma
KFFB, 2021
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Underweis is de njoggende roman fan skriuwer Rommert Tjeerdsma.
Begjin jierren santich. Wimer Wiersma is in jonge frachtweinsjauffeur, dy’t foar syn baas it hiele lân trochrydt. Hy wol it leafst foar himsels begjinne, mar syn frou Thea sjocht dat beslist net sitten. Sy is wiis mei de wissichheid fan it fêste ynkommen dat Wimer by Folkertsma Transport fertsjinnet. Dêr wol se graach fan sparje, om sa mei de tiid ferhúzje te kinnen nei in wenning mei wat mear komfort, yn it doarp. Dan docht him in ûnferwachte kâns foar en Wimer jaget syn dream nei. Dat bliuwt net sûnder gefolgen.
Oaren oer dizze titel
Jaap Krol, FD 15-09-2021 (besprek)
Doeke Sijens, LC 19-11-2021 (besprek)