Jeltsje fan ieme tou
Wytske Bakker-Veninga
Elikser, 2021
-
liene by TRESOAR
-
Liene by de IEPENBIERE BIBLETEEK
Jeltsje wurdt troch har heit Ieme besteld by boer Hessel Brandsma. Ieme hat as bynamme ‘tou’, fanwege de negoasje fan allegear guod dêr’t hy mei by de doarren lâns sutelet. It is skraabjen om ’e kant en hy kin de fertsjinst fan Jeltsje skoan brûke. Mar dan komt boer Brandsma Jeltsje tenei nei in jûn fan ôfwaaid praat en dat bliuwt net sûnder gefolgen. Brandsma soarget derfoar dat Jeltsje de oerstek nei Kanada makket, tegearre mei Ike Molenaar, dy’t tinkt dat it berntsje fan him is. Jeltsje ûntsnapt hjirmei oan in libben fan wrotten en earmoede, mar it libben yn de frjemdte is ek net maklik.
Oaren oer dizze titel
Doeke Sijens, LC 05-11-2021 (besprek)