Hero
Martha Attema
Afûk, 2021

  • liene by Tresoar [link folget**]
  • Liene by de iepenbiere bibleteek [link folget**]

Hero is in twatalich (Frysk/Ingelsk) jeugdboek fan Martha Attema, dat dizze Friezinne om utens (se wennet yn Kanada) yn 2003 yn it Ingelsk útbrocht ûnder deselde titel.

Yn de lêste winter fan de Twadde Wrâldoarloch moat Izaak syn ûnderdûkplak yn Amsterdam ferlitte, omdat it dêr te gefaarlik wurdt. Hy reizget achter op de fyts by koerierster Els nei syn nije skûlplak, in buorkerij yn it noarden fan Fryslân. En ek al binne de minsken dêr leaf foar him, hy fielt him iensum en ellindich. Pas at er freonskip slút mei it prachtige swarte hynder Hero, feroaret dat. De Dútsers wolle dy sterke Fryske hynst ek graach hawwe, en as de soldaten komme om it hynder op te heljen, kin allinnich Izaak in manier betinke om him te rêden.

It ferhaal is basearre op histoaryske feiten.

Oaren oer dizze titel
Phryso, 15-09-2021 (mear ynformaasje)