Omsjen
Anneke Sieperda
Elikser, 2021
-
liene by TRESOAR
-
Liene by de iepenbiere bibleteek [link folget**]
Omsjen is it romandebút fan Anneke Sieperda.
Teatske wurket yn it Bonifatiussikehûs yn Ljouwert. It is oarloch, it wurk is net sûnder gefaar en har heit wol graach dat se wer thúskomt. Mar Teatske fynt dêr har earste, allesoerhearskjende leafde. Se kin en wol de sike minsken en har leafste: de bysûndere, sensuele Joadske Otto net yn ‘e steek litte. As se troch omstannichheden dochs weromgiet nei har bertedoarp hoopt en dreamt se oer in libben mei har Otto. Mar dan krijt Teatske in brief…
It ferhaal is basearre op it libben fan de mem fan de skriuwster.
Anneke Sieperda (1957) is berne yn de Kooipolder by Sleat. Se waard oplaat ta ûnderwizeres en wurke op ferskillende basisskoallen. Earst as learkrêft en neidat se mem waard fan fjouwer bern as ynfalster. Se spilet toaniel, hat regisseur west en skreau sketsen en stikken foar toaniel, foar in kabaretselskip en foar jubilearjende ferieningen.
Oaren oer dizze titel