Wat soesto!
FREARK SMINK
Bornmeer, 2021

Wat soesto! is in boek by it lykneamige teaterstik fan Freark Smink. Hjiryn is de Fryske teatertekst en de oersetting yn it Nederlânsk opnommen. Geert Mak skreau in wiidweidich essay oer Smink en kuieret oan de hân fan dit ferhaal troch de ûntwikkelingen yn de lânbou en yn Fryslân. Bouke Oldenhof skriuwt oer toanielskriuwen en it ûntstean fan dit stik. It boek jout derneist in oersicht fan it toanielwurk fan Freark Smink, yllustrearre mei foto’s út de âlde doaze.

Foar it teaterstik krige Smink yn 2021 de Fedde & Martha Bergsmapriis takend.

Oaren oer dizze titel
Wiggele Wouda, FD 20-09-2021 (besprek teaterstik)
Gooitsen Eenling, LC 20-09-2021 (besprek teaterstik)