Palimpsest
Erik Betten
De Ryp, 2021
-
liene by TRESOAR
-
Liene by de IEPENBIERE BIBLETEEK
Palimpsest is de earste Fryske dichtbondel fan Erik Betten. In palimpsest is yn de argeology en boekwittenskip in stikje perkamint dat opnij brûkt is. De oarspronklike tekst waard fan it perkamint ôfskraapt sadat der in nije tekst op skreaun wurde koe.
It titelfers fan dizze bondel begjint dan ek mei de rigels:
Ik ha dit earder skreaun, wer wiske,
skrast yn lagen.
Ljocht dat skimket lit
wat wie nochris bestean,
ferfrissele mei farske halen.
Oaren oer dizze titel
Abe de Vries, FD 07-10-2021 (fraachpetear)
Friduwih Riemersma, Fers2 31-10-2021 (besprek)
Arjan Hut, FD 15-11-2021 (besprek)
Doeke Sijens, LC 17-12-2021 (besprek)
Oene Spoelstra, Ensafh 2 - side 10-17 (besprek)