Feest yn Gennaard
Anders M. Rozendal
KFFB, 2022

Gennaard, in doarpke fan noch gjin trijehûndert ynwenners. It bestjoer fan doarpsbelang besiket wol om de fleur der yn te hâlden, mar wat kinne sy noch mei harren beheinde middels? Dan wurdt harren op in wat kurieuze wize njoggenhûndert euro oanbean mei de betinkst dat in doarpsfeest organisearre wurde moat.

Femke Groeneveld fan It Hearrenfean is lid fan ‘e motorclub The Moorriders. De motorclub hat deselde problemen as Gennaard: der geane wol leden fuort, mar der komme gjin by. Femke wol der ek by wei. Mar se sil noch ien kear mei de boys op stap. Chief Pete hat útfûn dat earne in doarpsfeest hâlden wurdt. En wat is in feest sûnder The Moorriders?

Oaren oer dizze titel
Jaap Krol, FD 17-12-2022 (besprek)
Bram Buruma, Nieuwsblad NOF 27-12-2022 - diel 1 en diel 2 (fraachpetear)

Skaadhûn
Syds Wiersma
Hispel, 2022

  • liene by TRESOAR
  • Liene by de iepenbiere bibleteek [link folget**]

Skaadhûn is de fyfde dichtbondel fan Syds Wiersma.

In ferskaat oan tema’s komt yn dizze bondel oan bod, mar de dichter hat altyd in skaadhûn om him hinne: as wyspelsturtsjende muze, in hazzewyn út it ferline, mei blikkerjende tosken yn it no, of mei ôfjage earen op romte en tiid.

Faker as yn syn eardere bondels is Wiersma yn Skaadhûn in ferteller. Bygelyks yn it gedicht ‘It Famke’ en yn de syklus ‘Achterdyk’. Dy syklus waard skreaun nei oanlieding fan petearen mei Tsjerk Visser, de âldste noch libbene garnalefisker fan it doarp Wierum, dy’t op syn 94ste noch geregeld mei syn soan te fiskjen giet op it Waad. De ferhalen en it idioom fan Visser binne fongen yn in gedichterige dêr’t proazagedicht en lyryske stimme yn gearfalle.

Oaren oer dizze titel
Elisabeth Post, LC 23-12-2022 (fraachpetear)

Jelle en juf
Mirjam van Houten
Afûk, 2022

Jelle en juf is in boek fan Mirjam van Houten, mei fiifentweintich humoristyske foarlêsferhaaltsjes oer it fantasyrike jonkje Jelle en syn juf dy 't soms strang, mar ek hiel leaf is.

Jelle is gewoan in leaf, tûk, sterk en grappich jonkje. Mei in hiel soad fantasy. Dat wol. Jelle syn luie each is soms sa lui dat it thús op 'e bank lizzen bliuwt om telefyzje te sjen! Jelle komt te let om 't er ûnderweis nei skoalle rûzje krijt mei in babydino. Jelle hat altyd aparte streken. Juf hat it der mar drok mei...

Oaren oer dizze titel
Yvonne Dijkstra, FD 05-11-2022 (besprek)

Blau fan dagen, griis fan ônrust
Gerard Marcel de Jong
Louise, 2022

Sierd Lautenbag, ’n echte Bilkert, is ’n kûnstskilder die’t met syn Bildtse landskappen de top beraikt het. Hij is súksesfol maar komt op ’n doad spoor telânde. De doad fan syn hait, dat hij nooit ’n plak geve kinnen het, plaagt him derbij hyltyd meer.

At hij ’n unike kâns krijt om drie maanden in Baskenland an ’t werk te gaan, grypt hij die as ’n reddingsboei an. D’r folgt ’n soektocht werbij at syn relasy en selsbeeld op ‘e helling komme te staan. Blau fan dagen, griis fan ônrust is ’n roman over identiteit; over de wîns een te wezen met der’t je wegkomme, tunover ’t diepe ferlangen je derfan los te maken.

Blau fan dagen, griis fan ônrust is ‘t romandebút fan meertalighydskoördinator, sjoernalist en skriver Gerard Marcel de Jong (1979, St.-Anne). ‘t Is de eerste roman in de Bildtse taal.

Oaren oer dizze titel
Omrop Fryslân, 27-11-2022 (fraachpetear)
Jacob Haagsma, LC 09-12-2022 (fraachpetear)
Jan Ybema, FD 31-12-2022 (fraachpetear)

It smelle ûngelok
Harke bremer en Jarich Hoekstra
Bornmeer, 2022

Smelle ûngelokken, se komme jin alle dagen oer. Gjin stof foar grutte literatuer, soe men sizze. Te sleau en te pynlik om oer te praten. In taboe dêr’t dizze bondel lang om let mei ôfweeft. Bremer en Hoekstra ha de klassike balladefoarm foar kar nommen om de universelens fan dit tema en syn yngreven belang foar it minskene bestean klear yn ’t ljocht te setten. Sa nimme se de lêzer mei fan foar de widze oant oer it grêf.

Oaren oer dizze titel

 

Covidwiksel
Sietse de Vries
Bornmeer, 2022

Covid kin in oar minske fan ien meitsje. It oerkomt Jan de Vries (06-06-1952, Dinnestrjitte 53b, Ljouwert) as er op deselde dei yn Medysk Sintrum Ljouwert opnommen wurdt as Jan de Vries (06-06-1952, Ingelskestrjitte 28, Ljouwert). Fiif wike letter, as de dokters him better ferklearje en mei in taksy nei hûs stjoere, stapt er in oar libben yn.

Men hearde wolris oer lytse poppen dy’t op de kreamôfdieling fan in sikehûs ferwiksele waarden en mei de ferkearde heit en mem nei hûs stjoerd waarden. Dat der soms ek âlde mantsjes – ûnder dy kategory foel er sa njonkelytsen – ferwiksele en nei in ferkeard hûs stjoerd waarden, wie nij foar him.

Oaren oer dizze titel
Elisabeth Post, LC 25-11-2022 (fraachpetear)
Jaap Krol, FD 21-01-2023 (besprek)