Mijn moeder is nog maagd
Hindirk Annema
Eigen behear, 2022

  • liene by TRESOAR [link folget**]
  • Liene by de iepenbiere bibleteek [link folget**]

Mijn moeder is nog maagd is de Nederlânsk- en Frysktalige debútbondel (de Fryske oersettingen binne makke troch Joël Hut) fan Zijne Merendeels Meesterlijke Majesteit Hindirk Hannema, ek wol ôfkoarte ta Hindirk. De bondel giet oer macht, froulju en jild (mar foaral macht) en de ûntwrakseling fan it bern oan de memmefiguer, in kronyk fan syn (oer)libjen as dichter dêr 't nea dúdlik yn wurdt wa 't wreder is: de wrâld of de dichter.

Hindirk wie de bêste Slam dichter fan Ljouwert 2021 en wie NK Poetry Slam finalist 2021.

In priuwke:

Myn sukses is jim probleem.

Jim betelje
mar ik bepaal

De iennichste grins is myn fantasy, of hallusinaasje.
Want at ik it net betink, dan bart it net.
En at it net bart, dan wol ik it net.

Wat my net deadet, makket my net allinnich sterker,
mar ek gekker.

Ik feroarje om te ferbetterjen. Ik feroarje faak,
foar perfeksje.

Ik foarderje, oant ferset ûnderfûn wurdt. Ik ferken
it ferset. Ik isolearje it ferset. En dêrnei ferpletterje ik
it ferset.

Neat giet oan my foarby. Myn each is it swarte gat fan
myn skiednis. Myn gemienigens is foarby gien
oan myn hope.

De oarloch sit yn myn lidden. Myn fjildslaggen yn myn
moanjes. Myn frede as in sletten timpel. De wrâld is
myn harem.

Myn sukses is net myn probleem.
Myn sukses is jim probleem.

Oaren oer dizze titel