Van een glorieuze toekomst
Willem Tjerkstra
Aspekt, 2022

  • liene by TRESOAR [link folget**]
  • Liene by de iepenbiere bibleteek [link folget**]

Van een Glorieuze Toekomst is diel 21 yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy’t allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy’t troch it gehiel rint.

Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it folk, Mei gidsen nei hichten, Hege flecht en Dynamyske Bestimming wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 2000.

In Van een Glorieuze Toekomst wurdt it libben en de ferkundiging beskreaun fan Mirzá Husayn ‘Ali, lieder fan de Bahá’is, in religieuze streaming dy’t har oarsprong hat yn Perzië. Hy waard beskôge as in manifestaasje fan Allah, in profeet mei de namme Bahá’u’lláh, ôfkoarte as Bahá (Gloarje fan God). Mei syn folgelingen reizge hy as balling fan Teheran fia Bagdad, Constantinopel, Adrianopel nei Akko yn Palestina. Hy ferkundige de ienheid ûnder de minsken, folken en godstsjinsten en kin as sadanich sjoen wurde as foarrinder fan de oekumene yn de betsjutting fan de hiele minskewrâld yn ien ferbûn.

Oaren oer dizze titel