De letterfretter
Lida Dykstra
Afûk, 2023

  • liene by TRESOAR [link folget**]
  • Liene by de iepenbiere bibleteek [link folget**]

In sinnebaaiende pappegaai, in gouddo en in sliepperich rûpke, de letterfretter komt alderhande bisten tsjin op syn reis troch Fryslân. Hy is op syk nei Fryske lûden (klinkers), sa as de Â, de OA, de II en al dy oaren, want dêr is er sljocht op. Folgje de letterfretter op syn reis en lear boartsjendewei alle Fryske lûden en de aldermoaiste Fryske wurden.

Yn De Letterfretter steane 47 gedichten fol taalrykdom, mar ek mei humor, dat is Lida Dykstra wol tabetroud. Dat alle lûden dy’t yn it Frysk foarkomme yn dit boek systematysk op in rychje steane, makket fan De Letterfretter in nije klassiker dy’t yn gjin inkelde boekekast ûntbrekke mei.

Oaren oer dizze titel

 

Kening fan de cross
Freddie Scheltema
Elikser, 2023

  • liene by TRESOAR
  • Liene by de iepenbiere bibleteek [link folget**]

Sven en Isabel binne net allinne in setsje mar ek konkurrinten. Beide stride se om de titel yn it Frysk Kampioenskip Junior Autocross. Sven liket favoryt: hy hat it bêste materiaal en wurdt advisearre troch syn fanatike heit. Isabel is tûk en yntelligint en kriget help fan Frankie ‘Vega’ en har monteur Geart. De spanningen tusken Sven en Isabel rinne heech op. Wa wurdt kampioen? Wat ha se der foaroer om te winnen? En hat harren freonskip hjir ûnder te lijen?

Dit boek wie de njoggende edysje fan it ynnovative lêsbefoarderingsprojekt foar jongeren Lêsno!, in lêsbefoarderingsprojekt foar de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis.

Oaren oer dizze titel
Omrop Fryslân, 12-01-2023 (oer projekt Lêsno!)

Oer de streek
Geart Tigchelaar
Hispel, 2023

  • liene by TRESOAR [link folget**]
  • Liene by de iepenbiere bibleteek [link folget**]

Geart Tigchelaar (1987) wie yn ’e jierren 2021 en 2022 Streekdichter fan Noardeast-Fryslân en hat it dêrby as syn taak sjoen om de poëzy ûnder de minsken te bringen. Dat hat er dien mei ferskate projekten, lykas Merkgedicht. Dêrmei stie er alle lêste woansdeis mei in gedicht op de merk yn Dokkum.

Tigchelaar hat twa jier lang Streekdichter west en hat dêrby net allinnich in soad poëzy oer de streek skreaun, mar ek in grut tal projekten op priemmen setten. De gedichten dy’t er yn opdracht skreaun hat, wurde yn dizze bondel begelaat troch in koarte ûntsteansskiednis. Fierder stiet de bondel fol mei frij wurk, guon projekten en foto’s dy’t er makke hat op syn fytstochten troch de streek. Koart sein in bûnte bondel fan twa jier Streekdichterskip.

Oaren oer dizze titel