De Bleate Bille Binde (BOPPE!) it Spulwike Kompleks
Janneke de Boer
Stifting Spulwike Littenseradiel, 2022

  • liene by TRESOAR [link folget**]
  • Liene by de iepenbiere bibleteek [link folget**]

Yn 2022 bestie stifting Spulwike Littenseradiel 50 jier en dêrom waard der in berneboek makke. It boek De Bleate Bille Binde (BOPPE!) it Spulwike Kompleks is skreaun foar bern dy’t meidogge, foar bern dy’t meidien hawwe, foar lieders fan doe en no en foar elkenien dy’t it saneamde Spulwike kompleks hat.

Oaren oer dizze titel

Keimpe en Tomke, wolkom by ús op skoalle
Riemkje Pitstra
Afûk, 2022

  • liene by TRESOAR [link folget**]
  • Liene by de iepenbiere bibleteek [link folget**]

Tomke sil foar it earst nei de ‘grutte skoalle’. Dat fynt er hiel spannend! Gelokkich is de juf hiel leaf en komt er by nije freontsjes yn ’e klasse. En hy komt yn ’e kunde mei Keimpe de Krokodil.

Oaren oer dizze titel

Utsicht
Aggie van der Meer
Stichting UP, 2022

  • liene by TRESOAR
  • Liene by de iepenbiere bibleteek [link folget**]

Utsicht is in gedichte- en ferhalebondel fan Aggie van der Meer. Dizze bondel komt ynklusyf CD en foto’s. De teksten geane oer it Fryske lân, de
minsken, de taal en kultuer, oer alledeiske en net-alledeiske saken.

Guon teksten / gedichten binne troch Hoite Pruiksma ta komposysje makke, yn ferskillende muzikale settings, en
op CD set. Taheakke binne foto’s fan Foppe Schut.

Oaren oer dizze titel
Willem Haanstra, De Moanne 19-08-2022

De heit
Jan Schokker
Elikser, 2022

  • liene by TRESOAR [link folget**]
  • Liene by de iepenbiere bibleteek [link folget**]

De heit is it sânde boek yn in rige plysjeromans fan Jan Schokker mei Ale Alema yn de haadrol.

Ald-resjersjeur Ale Alema is twa moanne mei pensjoen en kin mar net wenne oan syn tefolle oan lege tiid. En dan bellet Maart.
Beke Maart den Backer is in freondinne fan Ale syn ferstoarne frou Els en in krûdfet fol tsjinstellingen. ‘It Mystearje Maart’ sei syn Els altyd. Fiifentritich jier lyn liet se har man en beide bern samar efter doe’t se nei Austraalje ôfsette. Wêrom is Maart werom en wat wol se fan Ale? Maart komt mei in roukaart oansetten. De datum stiet al fêst: 16 septimber. It hellet it o sa rêstich libben fan Ale fan de iene op ’e oare dei folslein oer de kop.

Oaren oer dizze titel

In running gag om te gûlen
Sipke de Schiffart
Hispel, 2022

  • liene by TRESOAR
  • Liene by de iepenbiere bibleteek [link folget**]

In running gag om te gûlen is de twadde poëzybondel fan Sipke de Schiffart.

Yn dizze bondel spylje leafde en erotyk wer in grutte rol, mar komme ek gâns oare minslike saken oan ‘e oarder, dêr ‘t de dichter sawol mei synisme as kompassy syn ljocht oer skine lit.

Oaren oer dizze titel
Jelle van der Meulen, Friese literatuersite 09-2022 (besprek)

Abe en de aardichman
Tialda Hoogeveen
Afûk, 2022

  • liene by TRESOAR [link folget**]
  • Liene by de iepenbiere bibleteek [link folget**]

Abe en de aardichman is in berneboek, skreaun troch Tialda Hoogeveen, mei yllustraasjes fan Yke Reeder.

Abe ferhuzet nei in hûs mei in grutte tún. As der in famke foar it stek stiet krûpt er gau ûnder in strúk. Omdat hy yn syn foarige wenplak pleage waard, doart er no net mear mei oare bern te boartsjen. Mar al gau fernimt er dat er net allinne is ûnder dy strúk … in brún bultsje mei in swiere bromstim en wapperjende hantsjes komt yn beweging. Wat is dat dochs?! En wat wol it famke fan him?

Oaren oer dizze titel