De wûndere leafde fan Emine en Einte
Willem Verf
Afûk, 2023
-
liene by TRESOAR [link folget**]
-
Liene by de iepenbiere bibleteek [link folget**]
Oaren oer dizze titel
De wûndere leafde fan Emine en Einte
Willem Verf
Afûk, 2023
Emine en Einte binne de haadpersoanen yn dizze aktuele leafdesroman. Emine wit dat hy like fereale is op har as sy op him. Wêrom besiket er har dochs te ûntrinnen? Einte wrakselt mei de fraach: kin dat, mei dat, hat ien dy’t in moard ferswijt it rjocht om echt fan in oar minske te hâlden?
Undertusken bringe hja bern grut, meitsje se suksesfol muzyk en wurde se meinommen troch de aktualiteit en de famyljeskiednis.
Oaren oer dizze titel
Hoe't in minske besibbe rekket
Ruerd Smaling
Het Nieuwe Kanaal, 2023
Hoe't in minske besibbe rekket is it debút fan Ruerd Smaling (Utert, 1960). Hy hat taalwittenskippen studearre en publisearre earder ferhalen en gedichten by Ensafh en (Nederlânsktalich) yn Extaze.
De ferhalen yn dizze debútbondel bringe ús nei in wiet Inverness, nei de kant fan ien fan 'e Fryske marren, yn in nearzige keuken mei yn it midden in deakiste, op in drokke famyljereüny mei allegear bliere minsken, yn it stadion fan sc Heerenveen of op in sinnich Sint Maarten.
Mar wêr't wy ek tahâlde, noait witte wy oft wy op it juste stuit op it juste plak binne. Wurdt de wrâld oanstjoerd troch it tafal, hegere machten, foarbeskikking? Of komt it allegear del op ús eigen lamliddigens en suterigens?
Oaren oer dizze titel
Sipke komt op stoom
Lida Dykstra
Afûk, 2023
Nei in fersyk dêrta, skreau Lida Dykstra in boekje oer it Woudagemaal.
Der is wurk oan ‘e winkel foar lytse pipermûs Sipke en syn pake: it is heechwetter yn Fryslân en dêrom moat it Woudagemaal oansetten wurde om it wetter fuort te pompen. Pake Pipermûs wit gelokkich presys hoe’t it stoomgemaal wurket. Mar… it pompen komt mar net op gong! Wêr kin dat no oan lizze? Sipke giet op ûndersyk út.
Alwer it sechsde Gouden Boekje oer it mûske Sipke! Twatalich: Frysk en Nederlânsk
Oaren oer dizze titel
Erfskip - de saga fan Ubba Skylding
Willem Schoorstra
Het Nieuwe Kanaal, 2023
Erfskip – De saga fan Ubba Skylding is in hybride fan in roman en in saga, skreaun troch Willem Schoorstra. It is in epyske fertelling, basearre op in skriftlike oerlevering út de 12de iuw.
Fryslân yn de 8ste iuw: Ubba, soan fan Raeddeg en Gerlind, hat syn thús op Grut Bjinthiem, it tsjinwurdige Hegebeintum. Yn syn jonge jierren is er in dwerse kneppel, in neatnut, ta fertriet fan syn heit en ta freugde fan syn mem. It is Gerlind dy’t wit dat har soan ta grutte dieden foarbestimd is. Ommers: it is Wêda dy’t derfoar soarge dat se him krigen hat, de heechste fan de goaden dy’t Ubba by syn berte opeaske.
Oaren oer dizze titel
De letterfretter
Lida Dykstra
Afûk, 2023
In sinnebaaiende pappegaai, in gouddo en in sliepperich rûpke, de letterfretter komt alderhande bisten tsjin op syn reis troch Fryslân. Hy is op syk nei Fryske lûden (klinkers), sa as de Â, de OA, de II en al dy oaren, want dêr is er sljocht op. Folgje de letterfretter op syn reis en lear boartsjendewei alle Fryske lûden en de aldermoaiste Fryske wurden.
Yn De Letterfretter steane 47 gedichten fol taalrykdom, mar ek mei humor, dat is Lida Dykstra wol tabetroud. Dat alle lûden dy’t yn it Frysk foarkomme yn dit boek systematysk op in rychje steane, makket fan De Letterfretter in nije klassiker dy’t yn gjin inkelde boekekast ûntbrekke mei.
Oaren oer dizze titel
Yvonne Dijkstra, FD 03-02-2023 (besprek)
Kening fan de cross
Freddie Scheltema
Elikser, 2023
Sven en Isabel binne net allinne in setsje mar ek konkurrinten. Beide stride se om de titel yn it Frysk Kampioenskip Junior Autocross. Sven liket favoryt: hy hat it bêste materiaal en wurdt advisearre troch syn fanatike heit. Isabel is tûk en yntelligint en kriget help fan Frankie ‘Vega’ en har monteur Geart. De spanningen tusken Sven en Isabel rinne heech op. Wa wurdt kampioen? Wat ha se der foaroer om te winnen? En hat harren freonskip hjir ûnder te lijen?
Dit boek wie de njoggende edysje fan it ynnovative lêsbefoarderingsprojekt foar jongeren Lêsno!, in lêsbefoarderingsprojekt foar de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis.
Oaren oer dizze titel
Omrop Fryslân, 12-01-2023 (oer projekt Lêsno!)
Mear witte? Nim kontakt op mei Tresoar.
Email: literatuer@tresoar.frl
Webside: www.tresoar.frl