renger
Nyk de Vries
Afûk, 2016

 

‘Renger is in autobiografyske famyljeskiednis (foar in part), in bildungsroman en in road novel by inoar. In ramtfertelling dy’t kundich boartet mei feit en fiksje, hjoed en ferline. En in ferhaal oer in heit, De Vries syn eigen heit’ (Lieke van den Krommenacker). De Vries syn heit wie in sunige boufakker út de Fryske Wâlden, syn mem húsfrou. De jonge Nyk stoarte him yn de muzyk en wie sjonger fan de punkrockformaasje The Amp. In ferlegen jonge dy’t likegoed tige útskroeven wêze koe.

Oer dit libben, oer it arbeiders-miljeu yn de Wâlden en oer de needsaak jins ferline op te rêden giet Renger. En oer de moaiprater Renger, dy’t samar ynienen yn it libben fan de haadpersoan opdûkt. Mar Renger giet ek oer it feit dat der gewoanwei  dingen binne dy’t net beneamd wurde kinne.
De roman ferskynde yn novimber 2015 by de Arbeiderspers yn it Nederlânsk. De skriuwer wurke it boek om ta in Fryske edysje. Omdat er him dêrby mear frijheid tastie as in ‘neutrale’ oersetter nimme soe, kin it boek net sjoen wurde as in oersetting yn de gongbere sin fan it wurd. De Fryske ferzje kaam út yn oktober 2016.

Yn septimber 2016 krige Nyk de Vries de Piter Jellespriis foar Renger. Yn 2018 folge in nominaasje foar de Rink van der Veldepriis en yn 2019 foar de Gysbert Japicxpriis.

De skriuwer hat fan it ferhaal fan Renger in harkspul makke. Harkje op woord.nl

Oaren oer dizze titel
Arjan Hut, FD 05-11-2015 (fraachpetear)
Lieke van den Krommenacker, website DvhN, 05-11-2015 (fraachpetear)
Lieke van den Krommenacker, LC 18-12-2015
Ernrst Bruinsma, Ons Erfdeel 2016/2 en op hooy en gras 01-05-2016
Tsead Bruinja, De Moanne 13-07-2016 (fraachpetear)
Koos Tiemersma, 06-09-2016 (besprek op eigen webside)
Sietse de Vries, LC 23-09-2016 (fraachpetear)
Jaap Krol, FD 28-12-2016 en oankundiging foarside (fraachpetear)

de lêste floed
durk van der ploeg
het nieuwe kanaal, 2016

De lêste floed spilet yn 1969. Yn dat jier wurdt de Lauwerssee ôfsletten fan it Waad. Yn dit boek wurde de gefolgen sketst foar it húshâlden fan Tsjerk Vogel, dy't yn dy omkriten al jierren buorket en ploeteret mei it winnen fan lân. It is de bedoeling dat Tunnes, de âldste soan, de buorkerij oernimt. Omdat de seeynham ôfsletten driget te wurden en dêrmei it oanwinnen fan lân net mear mooglik is, sjocht dy dat net sitten. Tunnes kriget spul mei syn heit, en giet mei de Willem Barendsz nei de Súdlike IIssee foar de walfiskfangst. Dêr ferdwynt er op mysterieuze wize fan it skip. Arjen, de jongste soan rint, foar syn stúdzje, staazje by it projekt fan de ôfsluting fan de Lauwerssee, wat by syn heit fansels net goed falt. As heit âlder wurdt en help nedich hat, wurdt er in wike as wat troch de jongste soan fersoarge. Arjen docht dat mei leafde, mar tagelyk spilet syn ûnbegryp oer wat der earder barde ek wer op. De lêste floed is in ferhaal oer persoanlike drama's, tsjin de eftergrûn fan ûnfersetlikens en in net oan te ûntkommen generaasjekonflikt.

Oaren oer dizze titel
Ernst Bruinsma, Op en út 26-11-2016
Sietse de Vries, LC 16-12-2016 (fraachpetear)
John Coenders, NDC 08-02-2017
John Coender, NDC 08-02-2017
Henry Baron,  World Literature Today 05-2017
Elisabeth Post, LC 07-06-2019 (oer iepenloftspul De lêste floed)

ik bedoel mar!
froon akker (pseudonym foar koos tiemersma)
eigen behear, 2016

  • liene by Tresoar [** link folget]
  • Liene by de iepenbiere bibleteek [** link folget]