Blau fan dagen, griis fan ônrust
Gerard Marcel de Jong
Louise, 2022

Sierd Lautenbag, ’n echte Bilkert, is ’n kûnstskilder die’t met syn Bildtse landskappen de top beraikt het. Hij is súksesfol maar komt op ’n doad spoor telânde. De doad fan syn hait, dat hij nooit ’n plak geve kinnen het, plaagt him derbij hyltyd meer.

At hij ’n unike kâns krijt om drie maanden in Baskenland an ’t werk te gaan, grypt hij die as ’n reddingsboei an. D’r folgt ’n soektocht werbij at syn relasy en selsbeeld op ‘e helling komme te staan. Blau fan dagen, griis fan ônrust is ’n roman over identiteit; over de wîns een te wezen met der’t je wegkomme, tunover ’t diepe ferlangen je derfan los te maken.

Blau fan dagen, griis fan ônrust is ‘t romandebút fan meertalighydskoördinator, sjoernalist en skriver Gerard Marcel de Jong (1979, St.-Anne). ‘t Is de eerste roman in de Bildtse taal.

Oaren oer dizze titel
Omrop Fryslân, 27-11-2022 (fraachpetear)
Jacob Haagsma, LC 09-12-2022 (fraachpetear)
Jan Ybema, FD 31-12-2022 (fraachpetear)

Covidwiksel
Sietse de Vries
Bornmeer, 2022

Covid kin in oar minske fan ien meitsje. It oerkomt Jan de Vries (06-06-1952, Dinnestrjitte 53b, Ljouwert) as er op deselde dei yn Medysk Sintrum Ljouwert opnommen wurdt as Jan de Vries (06-06-1952, Ingelskestrjitte 28, Ljouwert). Fiif wike letter, as de dokters him better ferklearje en mei in taksy nei hûs stjoere, stapt er in oar libben yn.

Men hearde wolris oer lytse poppen dy’t op de kreamôfdieling fan in sikehûs ferwiksele waarden en mei de ferkearde heit en mem nei hûs stjoerd waarden. Dat der soms ek âlde mantsjes – ûnder dy kategory foel er sa njonkelytsen – ferwiksele en nei in ferkeard hûs stjoerd waarden, wie nij foar him.

Oaren oer dizze titel
Elisabeth Post, LC 25-11-2022 (fraachpetear)
Jaap Krol, FD 21-01-2023 (besprek)

 

En dat foar in kat
Ate de Jong
Het Nieuwe Kanaal, 2022

  • liene by TRESOAR
  • Liene by de iepenbiere bibleteek [link folget**]

En dat foar in kat is in twatalich boek fan Ate de Jong, dy't neist columns yn Fryske blêden tegearre mei Radboud Droog in boek oer Cambuur-trener Henk de Jong skreau.

Ate, doe noch in jonkje, hat oait in kat mishannele. Dat sit him noch altyd wers. Kat Bonne fertelt wat er allegear meimakke hat mei minsken dy't er trof: 'Ik bin Bonne. In kat. Ik fertel jim oer leave, mar ek oer wrede minsken dy’t ik yn myn njoggen libbens troffen haw. Oer Silke, myn grutte leafde. En oer Ate, myn bêste maat. Ate frege oft ik meidwaan woe oan in aksje tsjin dieremishanneling. Fansels! Cat lives matter!'

Oaren oer dizze titel
Marianne Velsink, FD 09-11-2022 (fraachpetear)
Sietse de Vries, LC 24-01-2023 (fraachpetear)

Mika-eagen
Carla van der Zwaag
Hispel, 2022

  • liene by TRESOAR
  • Liene by de iepenbiere bibleteek [link folget**]

Mika-eagen is de debútbondel fan Carla van der Zwaag (1951 ). Tegearre mei har twillingsuster ûntduts se yn 'e boekhannel in dichtbondel fan Hanny Michaelis. Al gau skreau se har eigen gedichten. Nei har trouwen, trije bern en 25 jier foar de klasse wie der wer tiid foar dichtsjen en tekenjen. Yn Mika-eagen komt in breed skala oan tema’s en ûnderwerpen foarby. De gedichten binne ûnderbrocht yn de ôfdielingen 'Jeugd', 'De Wrâld', 'Maaie fakânsje' en 'Ik'.

Oaren oer dizze titel
Elisabeth Post, LC 11-11-2022 (fraachpetear)
Albertina Soepboer, LC 16-12-2022 (besprek)

De oarloch fan Jan Snip
Ferdinand de Jong
Bornmeer, 2022

De oarloch fan Jan Snip is it kadoboek dat Ferdinand de Jong skreau foar de Fryske boekewike 2022. It giet oer de skriuwer syn pake Jan de Jong, dy't op in spultsje yn 'e omkriten fan Rottum en Sint Jânsgea wenne. Hy wie in wat nuveraardich man, dy't yn 'e oarlochsjierren stadichoan belutsen waard by it ferset.

Oaren oer dizze titel
Jeen de Jong, FD 28-10-2022 (fraachpetear)
Jaap Krol, FD 28-10-2022 (besprek)
Elisabeth Post, LC 29-10-2022 (fraachpetear)
Doeke Sijens, LC 04-11-2022 (besprek)

In fauna fan ingels
Durk van der Ploeg
Het Nieuwe Kanaal, 2022

  • liene by TRESOAR [Link folget**]
  • Liene by de iepenbiere bibleteek [link folget**]

De haadpersoan yn dizze jubileum-roman fan Durk van der Ploeg, syn fiifentweintichste, is in kroanysk psychiatrysk pasjint dy’t yn ’e rin fan syn libben ferskillende kearen yn kliniken en ggz-ynstellings opnommen wurde moast.

Sânenfjirtich jier nei de earste opname wennet er allinne yn it hûs fan syn âldelju. Omdat er oars net ien hat om mei te praten en om te witten wa’t er is fertelt er himsels syn libbensferhaal dat giet oer syn ferbliuw yn ferskillende ynrjochtings, oer syn psychoazen, eangsten, efterfolgingswaan en de labels dy’t him yn ’e rin fan ’e jierren opplakt binne.

Oaren oer dizze titel
Sietse de Vries, LC 23-09-2022 (fraachpetear)