It berin fan de dingen
Peter Popma
Frysk en Frij, 2022

  • liene by TRESOAR [link folget**]
  • Liene by de iepenbiere bibleteek [link folget**]

It berin fan de dingen is de debútbondel fan Peter Popma (Warkum 1941). Ferdield oer 32 fersen yn 4 skiften omfiemet de bondel de omgong mei alles om ús hinne. Yngeande ferhâldingen binne natuerlikwei bêde yn in mingeling fan rêst en tagelyk omdoarmjen, loslitten en ferlet.

In priuwke út it titelfers:

Foar ús
ien tel, net mear
mar fol ûnthjitten
en ienkear yn de stille romte
werhellen wy
bestammeljend
de earste wurden
keazen oer de hoare fjilden
berûne paden
en as lêste
ûntdutsen wy
djip yn ús beskûle
ús namme

Oaren oer dizze titel

 

De ynfaller
Koos Tiemersma
Het Nieuwe Kanaal, 2022

De ynfaller is in roman fan Koos Tiemersma. It ferhaal spilet him ôf yn 1982, de simmerfakânsje komt yn sicht. Der wurdt fochten om de Falklands, de Kâlde Oarloch berikt in nij djiptepunt en Van Agt besuniget him in slach yn ’e rûnte. Tsjin dat dekôr sleept Marcus Ligthart him as ynfaller fan de iene nei de oare skoalle. Krekt wol er dermei ophâlde of hy kriget in tydlik baantsje op in skoalle yn ’e Wâlden oanbean.

Al gau komt Marcus derachter dat de leaflikens fan it doarp dêr’t er yn telâne komt mar skyn is en dat it skoalteam fan tsjinstellingen oanelkoar hinget. De heechste klasse is in boarne fan ûnrêst, hy wit him amper steande te hâlden. Al is der ien famke dat yndruk op him makket, mear as dat goed foar him is. En wêr is juf Lin presys op út? Dat en mear wurdt dúdlik by it tradisjonele hichtepunt fan it skoaljier: it kampearreiske nei ’t Amelân.

Oaren oer dizze titel
Nieuwsblad NOF, 03-06-2022
Sietse de Vries, LC 17-06-2022 (fraachpetear)
Jaap Krol, FD 18-06-2022 (besprek)
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite 07-2022 (besprek)
Doeke Sijens, LC 14-10-2022 (besprek)