De bjusterbaarlike baron
Jurjen Faber en Paul van Dijk
Afûk, 2023

Dit boek fan Jurjen Faber (Paul van Dijk makke de yllustraasjes) giet oer de baron von Münchhausen en dat is net de earste de bêste. Yn dit boek fertelt er wat er allegear meimakke hat op syn reizen.
En dat naait derút! Der komme liuwen yn foar. Krokodillen, fisken dy’t skippen opite en útsûnderlike hynders. It wiene dan ek bysûndere reizen en dit is dan ek in bysûnder boek. Mei bjusterbaarlike ferhalen.

Oaren oer dizze titel
Meintje Haringsma, Balkster Courant 12-01-2023 (oer de foarstelling dy't Jurjen Faber en Paul van Dijk makken by dit boek)

Oer de streek
Geart Tigchelaar
Hispel, 2023

  • liene by TRESOAR
  • Liene by de iepenbiere bibleteek [link folget**]

Geart Tigchelaar (1987) wie yn ’e jierren 2021 en 2022 Streekdichter fan Noardeast-Fryslân en hat it dêrby as syn taak sjoen om de poëzy ûnder de minsken te bringen. Dat hat er dien mei ferskate projekten, lykas Merkgedicht. Dêrmei stie er alle lêste woansdeis mei in gedicht op de merk yn Dokkum.

Tigchelaar hat twa jier lang Streekdichter west en hat dêrby net allinnich in soad poëzy oer de streek skreaun, mar ek in grut tal projekten op priemmen setten. De gedichten dy’t er yn opdracht skreaun hat, wurde yn dizze bondel begelaat troch in koarte ûntsteansskiednis. Fierder stiet de bondel fol mei frij wurk, guon projekten en foto’s dy’t er makke hat op syn fytstochten troch de streek. Koart sein in bûnte bondel fan twa jier Streekdichterskip.

Oaren oer dizze titel
Jacob Haagsma, LC 31-01-2023 (fraachpetear)

Feest yn Gennaard
Anders M. Rozendal
KFFB, 2022

Gennaard, in doarpke fan noch gjin trijehûndert ynwenners. It bestjoer fan doarpsbelang besiket wol om de fleur der yn te hâlden, mar wat kinne sy noch mei harren beheinde middels? Dan wurdt harren op in wat kurieuze wize njoggenhûndert euro oanbean mei de betinkst dat in doarpsfeest organisearre wurde moat.

Femke Groeneveld fan It Hearrenfean is lid fan ‘e motorclub The Moorriders. De motorclub hat deselde problemen as Gennaard: der geane wol leden fuort, mar der komme gjin by. Femke wol der ek by wei. Mar se sil noch ien kear mei de boys op stap. Chief Pete hat útfûn dat earne in doarpsfeest hâlden wurdt. En wat is in feest sûnder The Moorriders?

Oaren oer dizze titel
Jaap Krol, FD 17-12-2022 (besprek)
Bram Buruma, Nieuwsblad NOF 27-12-2022 - diel 1 en diel 2 (fraachpetear)

Skaadhûn
Syds Wiersma
Hispel, 2022

  • liene by TRESOAR
  • Liene by de iepenbiere bibleteek [link folget**]

Skaadhûn is de fyfde dichtbondel fan Syds Wiersma.

In ferskaat oan tema’s komt yn dizze bondel oan bod, mar de dichter hat altyd in skaadhûn om him hinne: as wyspelsturtsjende muze, in hazzewyn út it ferline, mei blikkerjende tosken yn it no, of mei ôfjage earen op romte en tiid.

Faker as yn syn eardere bondels is Wiersma yn Skaadhûn in ferteller. Bygelyks yn it gedicht ‘It Famke’ en yn de syklus ‘Achterdyk’. Dy syklus waard skreaun nei oanlieding fan petearen mei Tsjerk Visser, de âldste noch libbene garnalefisker fan it doarp Wierum, dy’t op syn 94ste noch geregeld mei syn soan te fiskjen giet op it Waad. De ferhalen en it idioom fan Visser binne fongen yn in gedichterige dêr’t proazagedicht en lyryske stimme yn gearfalle.

Oaren oer dizze titel
Elisabeth Post, LC 23-12-2022 (fraachpetear)

Jelle en juf
Mirjam van Houten
Afûk, 2022

Jelle en juf is in boek fan Mirjam van Houten, mei fiifentweintich humoristyske foarlêsferhaaltsjes oer it fantasyrike jonkje Jelle en syn juf dy 't soms strang, mar ek hiel leaf is.

Jelle is gewoan in leaf, tûk, sterk en grappich jonkje. Mei in hiel soad fantasy. Dat wol. Jelle syn luie each is soms sa lui dat it thús op 'e bank lizzen bliuwt om telefyzje te sjen! Jelle komt te let om 't er ûnderweis nei skoalle rûzje krijt mei in babydino. Jelle hat altyd aparte streken. Juf hat it der mar drok mei...

Oaren oer dizze titel
Yvonne Dijkstra, FD 05-11-2022 (besprek)

It smelle ûngelok
Harke bremer en Jarich Hoekstra
Bornmeer, 2022

Smelle ûngelokken, se komme jin alle dagen oer. Gjin stof foar grutte literatuer, soe men sizze. Te sleau en te pynlik om oer te praten. In taboe dêr’t dizze bondel lang om let mei ôfweeft. Bremer en Hoekstra ha de klassike balladefoarm foar kar nommen om de universelens fan dit tema en syn yngreven belang foar it minskene bestean klear yn ’t ljocht te setten. Sa nimme se de lêzer mei fan foar de widze oant oer it grêf.

Oaren oer dizze titel