Eric Hoekstra

FLEIS NOCH FISK

Yn de Merkel Rige jout de Friese Pers in tal tige súksesfolle boeken út har boekebestân op ´e nij út. Ik wie yn it foar al warskôge fan dat it sokke ûnsjogge boekjes wêze soene, en o skande dat de Friese Pers net wat mear flyt op de foarmjouwing dien hie. Mar doe´t ik de boekjes yn ´e hannen krige foel it my eins noch wol ta. It binne hiel behindige boekjes, moai lyts, se passe yn ´e binnenbûse fan in kolbêr dat se kinne sa mei it fleantúch yn bygelyks. Ja, de omslach is wat bylkerich, mei skreauwende kleuren dy´t inoar net passe (foarmjouwing De Vries & Luiks, Ljouwert). Mar dat let net, want it hat foar de Friese Pers grif in hiel wurk west om dizze boekjes te digitalisearjen en alsa it weardefolle wurk fan har skriuwers foar it neiteam te bewarjen. Boaze tongen sizze dat it meganyske werprintingen binne, mar dat wol net yn my del, sok primitivisme yn ús digitale tiidrek, soks sil in útjouwer syn skriuwer ommers net oandwaan.
   Fan Tiny Mulder hie ik noch nea in roman lêzen. Benijd wie ik al. Har komplete gedichten hie ik ommers in foech jier ferlyn fan Gosse Brouwer kocht. En ik wie ûnder de yndruk fan de taalfirtuositeit fan Mulder har gedichten. Wol miste ik in beskate ynhâldlike djipgong, mar poëzy mei om my wier wol ferbaal fjoerwurk en oars neat wêze. Guon dichters skriuwe leaver net oer harsels mar litte gewoan har technyske betûftens sjen, en de lêzer mei genietsje fan it sparkeljende taalfjoerwurk.

Teloarsteld
Tige teloarsteld wie ik dan ek doe´t ik Mulder har roman In moaie leeftyd fansiden lizze koe. De lêste sin ‘Oant de dea ús skiede sil’ wie foar my in grutte befrijing fan in boek dat ik mei in jimmeroan waaksende wearze trochwraksele hie. Want it is fleis noch fisk, dit boek. It ferhaal is in soarte fan optochte autobografy fan in emigrantefrou, Saakje (Sara yn Kanada) Blom. De emigraasje nei Kanada blykt foar har ien grutte ôfdijer te wêzen. Se is ûngelokkich mei klimaat en libben dêr. It sintrale plot is lykwols dat har man wurk kriget by immen dy´t Saakje letter as kollaborateur út de oarlochstiid werkent. Dat jout spanning yn it houlik. Want Saakje wol de kollaborateur en syn frou leafst foar it gerjocht besykje te krijen, of alteast wol se ha dat har man de bannen mei de kollaborateur ferbrekt. De man Hotze / Howard wol der neat fan hearre, want dy hat in moaie baan, en boppedat, Kanada wurket net mei oan de ferfolging fan oarlochsmisdiedigers (sa´t it skynt). De man, dochs al wat in skimmige figuer, giet der dan sa mar op in dei mei in oare frou fan troch en lit noait mear wat fan him hearre. ...? In tongerslach by heldere himel.
   De haadpersoan Saakje suggereart dat der in link is tusken it mislearre houlik en it skeel oer de saak mei de kollaborateurs. Mar dy link wurdt nearne oannimlik makke. It bliuwt folslein ûndúdlik wêrom as Hotze / Howard der samar mei in oare frou fan troch giet, en wêrom er noait mear wat him hearre lit, noait mear de bern sjen wol, en sa fierder. Wylst dat no krekt krusjaal is foar it morele dilemma yn it boek, de relaasjeproblemen en de ferwurking dêrfan. Enfin, it boek giet dan fierder as in soarte fan meganysk deiboek fan de ûnopmerklike aventoeren fan Saakje. Wol is der by de haadpersoan it bewustwêzen dat se de problemen tefolle ferkringt, lykas normaal wie foar dy ginneraasje. Praten wie der net by. Ok, mar soks is yn twa sinnen sein. Fan de kollaborateurs wurde wy ek net wizer. Ha se spyt? Wêrom joegen se joaden oan? Libje se no as oppassende boargers? Yn dit boek sille wy it net gewaar wurde want Tiny Mulder giet alle spannende ûntjouwingen leafst út it paad.
  En hoe is dit opskreaun? Yn de saaiste foarm tinkber. Koarte sintsjes, sûnder it ferbale fjoerwurk dat ik út de gedichten fan Mulder koe. In stereotype fertelling, sûnder spannende útdjipping fan de karakters fan de “bad guys”, in ferhaal dat mar trochrattelet nei de ein.

Moraal
Wy wurde al wat gewaar fan de moraal fan Saakje /Sara. Dat is de kristlike moraal fan mids foarige ieu dy´t it leafst sa min mooglik saken ter diskusje stelle wol. Dêryn behurdet Sara / Saakje. At har dochter Beverley werom is fan in reis fan Europa, komt der in skokkend ferhaal oer it neakenstrân dêre. De mem is dan mar bliid dat de bern yn (konservatyf) Kanada opgroeie. En se skriuwt yn har skrift (want Sara fertelt it ferhaal fan har libben): ‘Bin ik dan ek in minske fan dizze tiid, no´t ik besykje alles op te skriuwen, neat efter te hâlden? Alles ûntraffelje, bleatlizze, gjin geheimen efter gerdinen, foar it ljocht mei mieningen en hâldingen fan Jan en Alleman. Is dat net wreed?’(101)
  ‘Wat?’  tink ik dan, ‘do alles bleatlizze? Mar do leist hielendal neat bleat! Wy wurde neat djips gewaar oer dy of oer oaren. Alles oan dy is stereotype: dyn leauwe, dyn omgong mei oaren, gjin sparkeltsje fan orisjinaliteit, fan fleur. En is it net wreder de wierheid ferburgen te hâlden en der in samling leagens foar yn it plak te stellen?’. Ja, hjir en dêr oppenearret him ek noch it kristlik leauwe fan de haadpersoan. Mar dat komt ek net fierder as it bekende geklei oer beproevingen dy´t miskien straffen foar sûnden binne. Oerflakkigens rûnom yn dizze roman. It kristendom wurdt ek net as wat djips belibbe, mear as in ding fan ‘sa binne wy grutbrocht’. Wol hie ik wat begrutsjen mei de haadpersoan om´t se har man net by har wei krije kin, net ferjitte kin dat er fuortrûn is. Mar dat meilijen raant wei as ik my realisearje dat it fertriet net is omwille fan de persoan Hotze, dy´t ommers folslein skimmich bliuwt, mar dat it fertriet is omdat de haadpersoan net slagge is yn it libben, dat wol sizze, net neffens it ideaalbyld fan har tiid libje kinnen hat. Net libbe hat sa´t se grutbrocht is, neffens de stereotype morele ymperativen fan de maatskippij fan it midden fan de tweintichste ieu. Nee, sokke farizeeërs hoecht men gjin begrutsjen mei te hawwen, sis ik tsjin mysels, en ik droegje my de eagen ...

Gjin sûnde om mislearre boek te skriuwen
As de haadpersoan de balâns opmeitsje sil fan har libben, troch te skriuwen, skriuwt se: ‘Noch ien kear myn paad lâns en dan noait wer. Hoopje ik.’ (42) Dat sille de bern en de bernsbern leuk fine om te hearren, dat ‘noait wer’. Soe men net leaver sa libje dat men jins libben hûndert kear oerdwaan wolle soe? Ik soe âlde freonskippen en famyljebannen alteast wol nochris op ´e nij belibje wolle. De haadpersoan fan Tiny Mulder har roman die it leaver net. It ferhaal fan in oerstallich libben.
  Aldergeloks is it gjin sûnde foar in skriuwer om in folslein mislearre boek te skriuwen. Want in skriuwer moat beoardield wurde neffens har bêste wurk, net neffens har minste. Ik herinnerje my Tiny Mulder leaver as de skriuwster fan dy wûnderlichte gedichten, dan as de produsint fan in oerflakkige stereotype dreechstinner as Saakje / Sara Blom.

Tiny Mulder In moaie leeftyd, (Friese Pers Boekerij, Ljouwert , werprinting 2004)