Jetske Bilker

DOMME KARAKTERS YN HEALWIZE OANSLAGGEN

In nije literêre foarm: it lêssenario

Toanielstikken lêze dogge je yn 'e lêsploech fan it doarpstoaniel. Gjin mins lêst foar de lol in stik, of men moat fan Shakespeare hâlde. Eartiid moast der op in boekelist fan 'e middelbere skoalle noch wolris in toanielstik bysitte. Dat wie allegearre noch wol te ferhapstikjen, want it wie feral koart en it lies flot en dêr gie it om.

Mar wa, dy’t net yn ‘e filmbusiness sit, lêst no filmsenario’s? It sjenre falt by útstek net binnen de literêre kanon. Sels de teksten fan moeilike - lês: ferantwurde - films falle net ûnder literatuer. De skriuwer fan it filmsenario is minder fan belang as de filmregisseur, dat sil in wichtige reden wêze. In literêr skriuwer bûcht net gau de holle foar in regisseur. It drama tusken Wilco Berga en Corina van Eyk in pear wike lyn wie in moai foarbyld. De skriuwer Berga hat him hielendal distansjearre fan de útfiering ‘Gysbert Gysbert’, doe't de regiseuse nei syn sin tefolle yn syn tekst knipt en feroare hie. Ek it ferfilmjen fan in boek jout al problemen by de fleet.

Boppedat is de filmtekst net it alderbelangrykste yn in film: dat binne de bylden. Tekst yn film is altyd ûnderhevich oan it byld. En literêre skriuwers skine net goed yn bylden te wêzen. Of leaver: minder goed.

Filmsenarioskriuwen bestiet faak út in kursuske oer de techniken en hat mei it Echte Skriuwen fan In Roman net folle út te stean. Mei oare wurden: Film-minsken binne hiele oare minsken as romanskriuwers. En senaristen hearre ta de film-minsken: se wurkje mei bylden en net mei wurden, yn tsjinstelling ta de romanskriuwer dy't dwaande is alles sa goed en sa moai en sa treffend (en wat je fierder mar mear berikke wolle mei it skriuwen fan proaza) yn wurden oer te setten.

Mar no hawwe we dan in filmsenario fan in literêre skriuwer foar ús lizzen. Healwize oanslaggen fan Trinus Riemersma. Wêrom hat de ferhale- en romanskriuwer Riemersma dit senario skreaun? Omdat it, seit er yn syn foaropwurd, wer ris wat oars wie en omdat er altyd ferlegen is om syn ideeën yn nije foarmen te jitten. Strontienfâldich is it skriuwen fan in senario, neffens him, alteast de technyske kant derfan. ‘As men in roman skriuwe kin, dan ek in senario. Wêr't men om tinke moat, is dat men koart kriemt en foar ôfwikseling soarget.'

Riemersma einiget syn `wurd mei op reis' mei de meidieling dat in senario dreech lêst en dat er der dêrom in lêssenario fan makke hat: it ferhaal is opknipt yn lytse sênes. Hy ferwachtet net dat it ea ferfilme wurdt. Syn intinsje is dus dat de lêzer it senario net hifket as film, mar as lêssenario. In nije foarm fan literatuer? Mar hoe moatte we it dan lêze? Puer as tekst. Der neat by betinke. Net der in film fan meitsje yn gedachten.

Mondiale rampen

We dûke yn it ferhaal.

It ferhaal fan Healwize Oanslaggen is grappich, ek al komme de mondiale katastrofes fan 'e ôfrûne jierren: 11/9, SARS en de antraksbrieven om 'e hoeke sjen. Hiel apart is dat Riemersma allinne dy lêste neamt as ynspiraasjebron, wylst dy it minst yndruk makke hat.  Hy sil dochs net benaud west hawwe syn ferhaal te linken de terroristyske oanfallen fan 2 jier lyn? Ik kom hjir op werom.

In miks fan rampen dus, want in stikmannich lju yn West-Europa litte har moedwillich besmette troch in firus dat slachtoffers fuortdaliks yn harren bernskens telâne bringt. Omdat de útfierders der sels troch besmet wurde en 14 dagen letter harsels tekoart dogge, ropt dit daliks assosjaasjes op mei de kamikaze-aksjes fan de piloaten fan twa jier lyn, dy't sels by de aksjes omkamen. Fierder is de deminsje besmetlik en net in bytsje: krekt as SARS grypt de epidemy om him hinne. It gegeven fan de antraksbrieven komt werom yn it opsetlik besmetten fia in baktearje.

Dit alles is fansels slim genôch, mar it ferhaal giet de grappige kant op, sadra't in wittenskipper `heu heu' ropt as er nei hûs mei. De earste tekens fan deminsje binne begûn en dat is humoristysk omdat folwoechsenen samar ta bernegedrach ferfalle.

Mondiaal wurdt de ramp fan de eksplosive deminsje net, it bliuwt beperkt ta West-Europa en Noard-Amearika en dat is presys it doel, want de haadterrorist befynt him yn in oar part fan 'e wrâld. Ruslân en Sjina kinne in antybaktearje ûntwikkelje en krije in hiel grutte hân yn it wer opsetten fan 'e Westerske wrâld.

Hoe, wa en wêrom?

Op ferhaal/film nivo mis ik in oantal dingen:

De dieders, de terroristen, dy lju dy't harsels besmette lieten om oaren te besmetten, folgje we allinne fan bûten út. Nergens wurdt harren motivaasje om de wrâld nei syn moer te helpen, dúdlik. De sjogger/lêzer wit oan 'e ein net wêrom dizze faak jonge en bewuste lju (in Spaanse ober, in Frânse skoallejuffer en in Ierske pastoar) dy stap dogge. `Jimme wurkje oan in nije wrâld dêr't gerjochtichheid hearskje sil'  krije se fan de Haadterrorist te hearren foardat se har deminsjepil ynnimme sille, mar dat jout de filmsjogger gjin folslein antwurd. De film is nammentlik mei harren begûn. Identifikaasje mei de earste gewoane persoanen yn de film is net in frjemd yts, je wolle witte hoe't it fierder giet mei dy lju, en wat harren úteinlik besiele hat om soks te dwaan. It lêste wat we fan harren sjogge is dat se thús in gifkapsule ynnimme en derby del falle. Hawwe se spyt krigen? Hawwe se earst noch even goed om harren hinne sjoen om op te merken wat se oanrjochte hawwe? We witte it net, it bliuwe robots yn in terreuraksje.

It twadde is dat men net adekwaat reagearret op in epidemy. Hie hiel Sjina yn it SARS-tiidperk in lapke foar de mûle, yn Healwize Oanslaggen is yn it begjin hielendal neat te merken fan beskerming tsjin it firus. Der is sprake fan in enoarm besmettelik firus, mar gjin mins yn dit lêssenario komt op it idee ris te freegjen hoe't dy besmetting ferrint. En oft men nei de apteek moat foar kondooms of in mûlelapke. De terroristen yn it begjin (dejingen dy't it firus fermienichfâldigen en dy't de fersprieding organisearren) droegen wol beskermjende pakken en spiele harren nei handeling hielendal ôf ûnder de dûs, dus de lêzer wit it wol, hoe't besmetting foarkommen wurde moat. De terroristen binne dus net sa dom as de West-Europezen.

Frappant is ek dat net daliks elkenien him ôffreget wa't hjirachter sit. En dat is dochs de earste gedachte dy't by soks opkomt. Yntusken hat elke lêssenariolêzer en filmsjogger needsaaklik safolle ûnderfining opdien dat ditsoarte fan fragen daliks op buorrelje: wa docht dit ús oan? It haad fan de Feilichheidstsjinst en de minister fan Ynlânse saken hawwe it gewoan oer terroristen, mar freegje harren hielendal net ôf watfoar soart terroristen mei hokker doel dit dogge. 

Ien ferklearring kin wêze dat se demint wurde foar't se oan dy fraach takomme, mar eigenaardich bliuwt it al. Hielendal oan 'e ein, as de epidemy sawat betwongen is, wurdt der ûndersyk dien nei de lju dy't in gifkapsule nommen hawwe nei't se earst 14 dagen ferdwenen wie. Der wurdt in link lein nei de terroristyske aksje `mar we sille noait wissichheid krije'.

Domme persoanen

As ik Healwize Oanslaggen as film ûndergean moast, soe ik nochal argewaasje hawwe fan al dizze domme minsken. As sjogger wolle jo net al te fier boppe de persoanaazjes stean, alteast as it net in hiele komyske film is. En dat is it no krekt wer net.  It iennichste dêr't de persoanen yn de film goed yn binne, is korrupsje. Saken wurde yn 'e dôfpot treaun en lestige minsken gefangen set. Offysjeel binne de measte haadpersoanen gjin domme jonges en famkes: meardere sênes spylje har ôf op universitêre ynstituten, krante-redaksjes en ministearjes. Mar wat feral bliken docht op de plysjeburo's, de ministearjes en it ûndersyksynstitút is dat domheid en korrupsje regearje.

Technysk besjoen wurdt de werklikheid safolle mooglik benadere mei mobile tillefoans, ynternet en digitaal ferstjoerde fideo-opnames en blykt it sels mooglik dat minsken fia tillevyzjeskermern mei inoar kommunisearje (men kin tsjintwurdich hiel wat...) Mar mear as in oere nei sokke ûnnoazele minsken, dy't har net de wichtichste saken ôffreegje, sjen, is wat tefolle frege. Op sa'n manier identifisearje je je noch perûngelok mei de terroristen...

Boek of film

Jabik Veenbaas neamde yn syn resinsje yn de LC it feit dat der oan 'e ein net mear in figuer wie om jin mei te identifisearjen in punt fan krityk. Healwize Oanslaggen soe oan 'e ein minder sterk wêze as yn it begjin. Yn it begjin folgje we in pear persoanaazjes, feral de ûntfierde Frânse wittenskipper en syn frou, en de lju dy't de baktearjes ferspriede sille (de Frânse skoaljuf, de Ierske pastoar, de Spaanse ober) en oan 'e ein binne dy der net mear. Binnen it ferhaal is dat logysk, want dy minsken fan it begjin binne opburgen yn kampen en ferpleechtehuzen of sitte thús demint te wêzen. As persoanaazje hat men neat mear oan harren. It is dus in konsekwinsje dat de persoanaazjes ferdwine.

Ek omdat Riemersma der net foar keazen hat om mei in helt te wurkjen (bygelyks ien dy't achter in antybaktearje oan sil en it fynt), falt der net folle te identifisearjen. Hy hat allerhanne ferskynsels toand fan hoe mis it gean kin yn sa'n sitewaasje. We sjogge allegearre sênes op 'e dyk en yn húskeamers mei anonime figueren.

It is de fraach oft dat wurket. Miskien is hjir in ferskil tusken it lêzen en it sjen fan de film. Foar de lêssenariolêzer is it nochal ferfelend om hieltyd wer nei in oare húskeamer nei in Europees lân te schwitsjen, dêr't de safolste tv op swart giet.. Je moatte der hieltyd in film by betinke, sa fan: ja, yn in film is dat miskien leuk.

Oan 'e oare kant klampe filmsjoggers harren fêst oan in bekende persoan. As dy der yn it begjin wol wie, sille se dy tidens de film missen bliuwe.

Wat yn in senario ek oars wurket as yn in film is dat in soad regisseursoanwizingen in oar -  en ik tink ûnbedoeld  - effekt krije. Humoristysk wurdt sa it ferhaal fan de wittenskipper en syn frou dy't ûntfierd wurde tidens harren fakânsje yn Grikelân. It is in hiel technysk gedonder hoe't dat giet mei koffers en hierauto's, close-ups en fade-outs en dat hellet net allinne de gong út it ferhaal, mar ek de earnst fan de saak ûnderút. En dan freegje ik my ôf wat de sin fan dizze foarm dan is.

Fierderop wurdt it boek mei sin humoristysk. De besmetting giet fluch en de iene nei de oare persoan ferfalt yn syn bernskens. Riemersma hat dat aspekt nochal beklamme: dan sjongt dy in berneferske, dan docht dy it yn 'e broek, dan krûpt dy by de tafel om.  Foar de lêzer wurdt it ferfelend.  Foar de sjogger is it, tink fasinearjend om te sjen hoe't de hiele wrâld nei de filistijnen giet. Fansels wegeret alle technyk yn de wrâld it op in stuit ek, mar dat leauwe we wol neidat ien kear de tv útfallen is. Hjir wer itselde: dy werhelling is net leuk om te lêzen.

Achterhelle tematyk

Wie it foar de persoanaazjes yn de film net in punt wêrom't dizze ramp harren oerfoel, foar de lêzer fan it senario wurdt it wol dúdlik: de film einiget kreas mei de oanstichter fan al dit kwea, dy't der in borrel op nimt. Riemersma brûkt foar syn tema de âlde mondiale machtstsjinstellingen, dy fan tsien jier lyn, it Westen foar Ruslân en Sjina oer. Dy lêste grutmachten rêde West-Europa. Se leverje it antysearum en werstelle de ynfrastruktuer. Troch de deminsje-oanslaggen binne de ferhâldingen tusken East en West mear yn proporsje as se oait yn werklikheid west hawwe.

Aardich. Leuk betocht. Mar feilich en ûnskuldich. Want Ruslân binne we net mear benaud foar. Boppedat is it Westen ôfskildere as dom en korrupt en dat liket my - ûndanks en danksij alle humor - it ûnderlizzende tema: de korrupsje fan de kapitalistyske wrâld, dy't ris in leske krijt fan in eks-kommunistysk en in kommunistysk lân. Leuke fynst, mar achterhelle wat de hjoeddeistige praktyk oanbelanget.

Echt kapot bin ik net fan dit eksperimint, dat mei dúdlik wêze. It is net iens in echt senario, want it is om te lêzen. Mar as je it lêze, rinne jo op tsjin de ûnbedoeld humoristyske, mar ek de fertragende effekten. Dêrby is de problematyk fan it ferhaal net twingend genôch om't de persoanaazjes sa dom binne.

*

Tr. Riemersma, Healwize oanslaggen. In senario (Utjouwerij Venus, 2003)