Jetske Bilker

Even genotsuchtich libbe

Resinsje fan Durk van der Ploeg, De sniewinter (Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2003)

Yn De sniewinter fan Durk van der Ploeg hawwe in soad dingen mei-inoar te krijen. Lytse details lykas skulpen en termometers binne fia waarmte en kjeld en ljocht en tsjuster ferbûn mei de tema's fan nei binnen ta keard wêze en iepen stean foar oaren. De novelle sit goed yninoar, de ûntjouwing fan de haadpersoan is oannimlik, it ferhaal is goed lêsber en it is spannend genôch. Mar wêrom falt de ein bûten de strakke komposysje?

Noardkromp

Yn it earste haadstik klaut Adam yn 'e iere moarntiid in blauskinende noardkromp út in slykgat; in húl, troch it libben ferlitten, stiet der. Thús bewûnderet er de parlemoeren glâns fan 'e binnenkant.

It bewûnderjen fan dizze skulp is symboalysk, want letter blykt er oanhâld te sykjen by Barbara, in byldzjend keunster dy't mar leafst ôfstudearre is op it ljocht en de ljochtfal yn it wurk fan Vincent van Gogh. Wêr't Barbara stiet foar it giele middeisljocht (dêrom is se delstrutsen yn it tsjerkje fan Teard, dêr't de middeissinne sok moai ljocht jout), wurdt Adam troch de skriuwer delset yn it blau fan moarnsljocht en tsjuster. En fansels is Barbara in jûn- en nachtmins en Adam in moarnsmins. Dizze kontrasten tusken beide minsken wurde eksplisyt makke yn it skilderij dat Barbara fan Adam makket as er foar har posearret: Adam krijt in hiel tsjustere achtergrûn.

Dy tsjusternis fan Adam wiist nei it libben dat er oant no ta laad hat. It ferhaal begjint as er fiif wiken widner is. Syn frou Eelkje wie op it lêst bêdlegerich, mar hy mist har net sasear as wol it plak dat it bêd ynnaam.

Adam wurke froeger bûtendyks yn 'e lânwinning en hie thús fee. Foar dat fee boude er hokken.Yn it houlik hat in drama plakfûn. We komme te witten dat him dat yn krekt sa'n winter ôfspile hat, dy fan '72.

As Adam foar Barbara stiet te posearjen, fertelt er hjiroer. Dan blykt dat dy jongste soan acht jier lyn (dus it boek spilet yn 1980) bûtendyks ferdwaalde doe't er weirekke skiep sykje moast en derby ferdronk. Ien kear hat Eelkje sein dat it syn skuld wie. Adam tinkt dat se de beskuldiging trochslokt hat en dat se dêrfan kanker krigen hat. De oare fjouwer jonges sitte yn it bûtenlân en komme noait thús (sels net op 'e begraffenis fan harren mem, moat ik oannimme). Eelkje, dy't op dizze manier fjouwer bern kwytrekke, woe dy jongste foar harsels hâlde en him nei it fuortset ûnderwiis hawwe. Mar Adam, dy't fiif hokken (want fiif soannen) delset hie, hope dat de jongste yn syn fuotlêsten trede soe. Nei de dea fan Gjerryt hawwe Adam en Eelkje noait mear echt praat.

Ynsnijd

De earste haadstikken begjinne mei in melding oer it waar `We krije oar waar' `in tichte damp' `it hie dy nachts snijd'. De thermometer jout de kjeld oan. Sa wurdt de snie oankundige. Adam en Barbara reitsje elk yn harren eigen hûs ynsnijd.

Wat mear as se ynsnijd reitsje, wat mear harren kontakt him ferdjippet, mar Adam bliuwt gjin inkele nacht sliepen. As se op in dei hielendal ôfsletten binne fan 'e wrâld, laat er hout en iten op in âlde slykslide en riidt dermei nei Barbara. Dermei docht er de earste stap dy't him losmakket fan syn ferline. Yn haadstik 7 en 8, de twa middelste haadstikken fan dit ferhaal binne Adam en Barbara ôfsletten fan 'e bûtenwrâld en fertelt Adam syn ferhaal oan Barbara en skilderet Barbara syn portret. Dit is it skarnierpunt fan 'e novelle, want yn haadstik 9 is it ophâlden mei snijen. Fan no ôf wurdt it waar better, mar de ferskillen tusken Barbara en Adam hieltyd grutter.

Oant en mei haadstik 13 giet it fan winter nei maaitiid. Mar Barbara ferlit de tsjerke yn Teard foar it ljocht fan Itaalje en yntusken krijt Adam in brief fan de gemeente dat syn hokken derwei moatte. Barbara krijt in priis foar it portret dat se fan him - mei hokken en al - skildere hat en Adam giet nei de resepsje. Op 'e resepsje is de ôfstân tusken Barbara en Adam it grutst. Nei dit djiptepunt komt in ûnbegryplike winding yn it lêste haadstik. As de shovel fan 'e gemeemte it hiem opkomt, en Adam it hiele spul yn 'e brân stekt, fytst er mei foto's en wichtige paperassen nei Barbara. Krekt as je oannommen hawwe fan dit komt net mear goed mei dy twa, beslute se om by inoar te wenjen.

It alderlêste stikje fertelt oer in simmer letter. Adam hat in jier by Barbara wenne, Barbara is wer fuort. Nei it konsekwinte skema fan de fases yn de sniewinter, binne we dus ynienen in winter fierder.

Barbara

Barbara is in ûndúdlik persoanaazje. We folgje Adam yn syn dwaan en litten en tinken. Boppedat praat er lûdop tsjin himsels. Dat hat te krijen mei hoe't Adam yn inoar stekt. Hy sjocht nei himsels yn de byldbuis fan 'e tv, dy't er noait oan hat en hy dammet tsjin himsels. Barbara neamt dit it jin neat fan in oar ta-eigenjen.

'Eelkje en ik, we hawwe net genotsuchtich libbe,' seit Adam no en dan. Hy hat dus noch wat yn te heljen. Oer Barbara krije we net folle te witten. Ien kear is der in - per ûngelok tink ik - perspektyfwiksel, mar dêr sit de lêzer net op te wachtsjen: Barbara sjocht: syn eachjes dy't soms begearich glommen. (s. 54).

Barbara is in klysjee wurden fan de artyste mei read hier yn tûfen. Fegetarysk en mei in skripsje oer Van Gogh. Ien dy't yn 'e maaitiid nei Frankryk en Itaalje reizget en in priis wint. Ien dy't de banaalste dingen seit oer ljocht en tsjuster. `It ljocht is hjir bysûnder. Nergens fynst it ljocht sa klear as hjir. En lykasto tsjuster garrest, sa besykje ik it ljocht fêst te lizzen.'
Adam is goed nei te folgjen, sels it yn 'e brânstekken fan syn hûs mei hokken is oannimlik. Mar Adam syn affeksje foar Barbara is nuver. De dialogen toane de ferskillen tusken dizze minsken. Fuort al yn it begjin, as Adam in selssketten goes foar har meinimt en mei plechtige wurden syn buorhelp ferklearret, seit Barbara plomp dat se gjin fleis yt. En as se him útnoeget om syn ferhaal te fertellen liket it der fertocht folle op dat se dat docht omdat se him skilderje wol.

It ferskil tusken Adam en Barbara wurdt goed dúdlik yn de dialooch fan it al neamde haadstik 9: `Mar do hast oars net sjoen as de konten fan de bisten,' seit Barbara, en `it soe net ferkeard wêze ast wat mear ûnder de minsken kaamst'. Dit is nochal oerflakkich praat foar de wize útspraken oer fan Adam. As se dernei ek noch oankondiget dat se nei it bûtenlân giet, wurdt dúdlik dat se gjin barst fan Adam begrypt. `Eins hie ik dy ek wol oan dyn lot oerlitte kinnen', seit er dan ek.

Befrijing

Wêrom as er har yndied net oan har lot oerlitten hat, is mar ien antwurd op mooglik. En wêrom 't er - nettsjinsteande Barbara har ûnbegryp en oerflakkigens en de grutte ferskillen - by har wenjen giet, hat mei itselde te krijen. It is in ynhelslach. Nei in tsjuster libben mei in soad hurd wurkjen en in ûnferwurke fertriet, komt hjir in befrijing. Dat stiet der ek: hy fielt him frij. Hy hat syn ferhaal ferteld, syn hokken ferbaarnd en hy hat - foar in skoftsje - genotsuchtich libbe. Sa as Barbara him en syn libbensskiednis brûkt hat foar har skilderjen, sa hat hy har brûkt om los te kommen fan syn ferline. Op dy manier kloppet it allegearre; sels de enorme tiidsfertichting yn it lêste haadstik en it feit dat de relaasje Adam-Barbara ûngeloofwurdich is, krije sa in funksje: de relaasje, dy't it logyske gefolch wie fan de befrijing troch de gebeurtenissen yn de sniewinter, koe net te lang duorje. Adam moast der noch binnen it tiidsbestek fan de novelle op weromsjen kinne. Dus mochten Adam en Barbara net te goed mei-inoar opsjitte. Allinne op dy manier kin ik de ein ferklearje. Mar in bytsje nuver is it al.

Dit lêste nimt net wei dat we dit jier werris in goed en moai boekewikegeskink hawwe, ien dêr't we ús net foar hoege te skamjen. En it docht mar bliken dat Durk van der Ploeg wit hoe't in goed ferhaal yn inoar stekt en dat er it ek noch op papier krije kin!