Jetske Bilker

SKRIUWER SÛNDER TECHNYK

Nanette fan Josse de Haan, Koperative Utjowerij, 2003

It is in goed ding om yn it jier dat Vincent van Gogh 150 jier lyn berne is (1853) in roman oer it libben fan 'e skilder ferskine te litten. Aardich is dat de hanneling fan 'e roman tidens in oar lustrum spilet: dat fan e 100e stjerdei fan Van Gogh, yn 1990.

Nanette is yn meardere opsichten in nijsgjirrich boek. Op it foarste plak omdat de skriuwer in soad tiid stutsen hat yn 'e brieven en de skilderijen fan Van Gogh. Syn twa haadpersoanen David en Nanette hawwe allebeide in soad mei de skilder te krijen, David omdat er de skilder ta syn iennichste stúdzje-objekt makke hat en Nanette omdat har libben ferweven is mei dat fan Van Gogh: se wennet yn Arles, hat in museumke oer Van Gogh en hat guod fan har beppe urven, guod út 'e tiid dat Van Gogh yn Arles tahâlde. De lêzer krijt in soad ynformaasje oer dy tiid en dat is learsum.

Yn it twadde plak is it nijsgjirrich omdat it gegeven fan in erfenis aardich útwurke wurdt. Ik ferklap net in hiele soad as ik sis dat it hjir giet om oant no ta ûnbekend wurk. Dat leit hast foar de hân yn sa'n boek. De Haan ûntraffelet it hoe en wat fan dy erfenis krekt yn it lêste haadstik. De útkomst is ferrassend. Dúdlik wurdt dan ek wêrom't it libben fan Nanette fêstlein en stjoerd wie. Lêst men dan it boek op 'e nij, dan snapt men folle mear fan de dizenige en ûnbegryplike stikken oer it libben fan Nanette dy't in grut part fan 'e roman útmeitsje.

Nuodlik is de manier wêrop't de skriuwer de haadpersoanen mei-inoar yn kontakt komme lit. David, in ridlik ferknipt figuer dy't op 'e even dagen op bêd leit, skriuwt op 'e ûneven dagen fan 'e wike brieven en ferstjoert se nei himsels, of nei in optocht adres. Al dy brieven geane oer syn ûndersyksobjekt Van Gogh. Hy hat in teory ûntwikkele troch brieven en skilderijen mei-inoar te kombinearjen. Al bliuwt ûndúdlik wat er no krekt op in dei bewize wol, it hat yn alle gefallen te krijen mei Van Gogh en Arles. Fierder siket David in oarsaak fan 'e gekte fan Van Gogh by de ynwenners fan Arles.

In brief mei dêryn syn teory stjoert er hielendal by tafal oan: Nanette, Rue de Vincent yn Arles. Unbewust! Sa't er altyd op 'e ûneven dagen brieven nei samar nammen op samar adressen skriuwt.
  No is dy strjitnamme yn Arles net frjemd, mar de namme Nanette is fansels eigenaardich. En dat is of in hiel forsearre tafal (dat no krekt dyjinge dy't sa mei deselde dingen dwaande binne inoar sa tsjinkomme) of in út it ûnbewuste wei ferklearre tafal: dat David dy namme ien kear tsjin kommen wie. As dat lêste it gefal is, soe it moai wêze as Nanette ek echt neamd wie, yn 'e skilderijen of yn 'e brieven fan Van Gogh. Neffens de roman is der sprake fan sa'n namme yn 'e brieven en op in pinnetekening, mar ik haw har oant no ta noch net fine kinnen, by beide net. As se net bestien hat, hat de skriuwer dus in feit tafoege oan it libben fan Van Gogh dêr't er sels fierder op borduert. Net dat dat sa'n ramp is, mar just omdat De Haan him hielendal oan de biografyske feiten skynt te hâlden, soe it leuk wêze as der echt in Nanette bestien hat.

David skrikt him in aap as er antwurd krijt op sa'n samar ergens hinne stjoerde brief. Nanette har antwurd makket him benaud: it liket as wit se wêr't er him mei dwaande hâldt (hy wit net mear wat er yn dy brief skreaun hat). Hy wol har op in sydspoar sette, sadat hy letter wer fierder kin mei syn eigentlike wurk. Ek Nanette yn Arles op har beurt is kjel wurden fan 'e briefskriuwer út it noarden dy't neffens syn brief op 'e hichte blykt te wêzen fan it geheim, dat se al 25 jier by har draacht. In pear kear wurdt sein dat se kiest foar de oanfal. Se noeget de skriuwer dus út om te kommen.

Hieltyd wer itselde
Hy beslút nei har ta te reizgjen. Sy wachtet, der net wis fan wannear't er foar de doar stean sil. De haadstikken wêryn't beide persoanaazjes beskreaun wurde, wikselje inoar ôf. Op side 165 krije se foar it earst kontakt en dêrnei folget de moeting mei gefolgen yn it hûs fan Nanette. Dan krekt wurdt it boek lêsber.

Yn 'e 159 siden derfoar moat jo as lêzer oer in grut trochsettingsfermogen beskikke om troch te lêzen of jo moatte tafallich in boekbesprekker wêze. Op in stuit is it of lêst men hieltyd wer itselde. Yn de folgjende beide alinea's stiet eins hieltyd itselde.
  Neffens har hat de gewoane sljochtweihinne keunsthistoarikus net fierder tocht as wat er sjocht, de skilderijen, en wat er lêzen hat yn de brieven. Dy twa tegearre sizze mear as wannear't se apart besjoen wurde. Wat fierder útlizze, fierder dreame en eventueel hypotezen opstelle, komt net foar yn har wurdeboeken. Neffens har sit yn de kombinaasje fan de brieven en de wurken grif it echte libben, mooglik sels it histoaryske ferhaal fan de skilder sa't dat oant no ta noch net ûntdutsen is, of bleatlein.
  As jo dy twa aparte wrâlden fan brieven en skilderijen skieden hâlde, dan kinne jo net ynsichten krije oangeande de ferbiningen dy't tusken dy twa kréaasjes lizze. Dat yn de brieven faak mear stiet as allinne de konkrete te lêzen taal hawwe de measte lêzers net troch. Tusken de rigels stiet soms mear oer in skilderij as yn de rigels. (s. 42)

As Nanette neitinkt oer de link tusken Van Gogh en har oerbeppes, stiet der:
  Se freget har ôf oft dy krityk op de skilder mooglik te krijen hie mei guon froulju dêr't er sljocht op wie. Har oerbeppes bygelyks. (43)

In bytsje gek hat er fêst wol west, mar foaral gek op de beide froulju dy't sij op it each hat. Har beppes, har oerbeppes. Dat hat in oare gekte west. Ek dy hat men net begrepen of fetsje wollen; it wie mar krekt wêr't de grins lein waard. Gek fan leafde, of leafdesgek. Mar dêr draaide it om. Se wit der genôch fan (46)

Oer de froulju yn Arles:
  Al dy froulju hawwe wol wat fan elkoar. Brede heupen, stevige skonken en prachtige skerpe koppen. (...) Der hawwe mear leafdes west. Yn Arles ek. (46)

Ek sij hie dyselde tsjinstellende trekken yn it gesicht. Yn wêzen hienen al dy prachtige Arlésjennes datselde fassinearjende. (48)

Har beppe like op beide froulju, dêroer bestiet gjin twifel. Alle Arlésjennes lykje wol wat op inoar, mar hjir komme mear kenmerken nei foaren. (58)

Op himsels is werheljen goed mooglik. Werhelling kin fersterkje. De grutste skriuwer fan 'e Nederlânse literatuer die net oars: syn persoanaazjes werhellen yn harren delgeande geastestastannen hieltyd wer deselde sinnen, tink oan Paul de Lowe yn De boeken der kleine zielen fan Louis Couperus. Dêryn toande Couperus de betizing fan syn persoanaazjes dy't fêstsieten yn harren libbensomstannichheden. Ek de werhelling fan wat de âlde minsken sizze yn De Oude mensen de dingen die voorbijgaan draacht allinne mar by ta de dramatyske wurking fan de roman.
  Ek by Nanette sitte de haadpersoanen fêst. Se binne bûn oan harren ferline. Mar de manier wêrop't dit opskreaun is, befrediget op gjin inkele manier. Wêrom net? Wêrom binne de gedachten en de útsprutsen dingen fan David en Nanette sa irritant?

As earste neam ik in praktyske oarsaak dy't it gefolch is fan de keazen konstruksje fan 'e roman. Dy begjint medias res, feral wat betreft Nanette yn Frankryk. As lêzer wit men dat der in moeting plakfine sil en dan giet men yn 'e folgjende haadstikken hieltiten in stikje achterút yn 'e tiid. As in persoanaazje dan hieltyd itselde tinkt, is dat hielendal net nij mear, just omdat der `achterút' skreaun wurdt. Sa betinkt Nanette 4 kear dat se de skriuwer útnoegje sil. De earste kear is de lêste kear yn de logyske tiidsfolchoarder, de kearen dernei wurdt der oer neitocht (mar yn 'e logyske tiidsfolchoarder geane dy kearen der fansels oan foarôf)
  64: Op dat stuit nimt se it beslút en noegje de skriuwer út. Negearjen is gefaarliker as antwurdzjen en útnoegjen
  Op s. 86: It hie gjin doel en negearje de brief as wie er noait by har op 'e matte fallen. Se moast sels de foarstap dwaan. Se soe har tariede moatte op in antwurd, en eventueel in besite. Dêr koe se net mear omhinne, (...) en
  90: Se sil de man skriuwe moatte, útnoegje mooglik.
  92: Se is der fan oertsjûge dat se de skriuwer útnoegje sil.

Dizenich
  It twadde is dat der faak ûndúdlike gedachten werjûn wurde:

`Dy flok fan generaasjes, fan de geheimen en oerurven noeden en plichten, soe foargoed opromme wurde moatte. Se frege har ôf oft se loskomme koe fan dy tradysjes dy't sa'n ynfloed hienen, dat se har altiten skuldich fielde as se in flater sloech. Rasjoneel koe se dat ferklearje, mar gefoelsmjittich lei dat wol even oars.'

It is krekt as beskriuwt de auteur leaver in rúzje mei har frijers en feral de gefoelens dy't derby hearre as it werklike konflikt. Hjir folget it begjin fan in wurdenstriid. Nanette is oan it wurd:

(…) Mar ek al soe ik alles fuortskowe, yn myn dreamen komme de ferhalen en de skiednissen dochs elke kear werom. Dêre wurde feiten sa't wy dy miene te witten yn in oar ramt setten. Elke nacht wurdt it gleone mes op de tichtferzen wûnen rjochte. Oerdei dogge oaren dat, en kinne jo dy ûntwike.'

Wêr giet dit oer? Ik haw gjin idee. Ut sokke wurdwiksels mei har fage, net by namme neamde frijers (ien mei technysk-kâlde hannen, ien mei pittige tabak mar de mannen wurde op oare plakken wer oars neamd; men wit noait krekt oer wa't it giet, dus dat sil de bedoeling dan ek wol net wêze) komt yn alle gefallen nei foaren dat Nanette sels ek net hielendal spoart. As de frijers har fertelle dat se net hielendal lykrint, kin men harren net ûngelyk jaan. Mar... it kin in oanwizing wêze foar it feit dat Nanette erfelik belêste is en dat se der neat oan dwaan kin dat se sa is. Dizze konklúzje meitsje ik wol sels, want dy wurdt net út it boek oandroegen.

David
  De nei har tareizgjende David lykwols is ek in nuvere gast mei in eigenaardich ferline.
  Dat ferline bestiet út in ûnderdûktiid mei syn 11 jier âldere suster en in net maklike tiid dernei yn in faach lân mei fage omstannichheden. It is al 30 jier lyn dat David syn suster nei Amearika ôfstutsen is, mar hy praat oer har as wie se juster fuortgien. De oantinkens oan it ferline yn `it âlde lân' lykje om it effekt skreaun as er oan syn reisgenoate fertelt hokker straffen de frou fan in ferrieder eartiids krige:`trije, fjouwer, ja soms fiif op sa'n jûn gongen deroer hinne. Se lotten derom.' De hiele skiednis fan David, mei oarlochsferline en de ynsestieuse ferhâlding mei syn suster hawwe neat mei it werklike ferhaal fan David en Nanette te krijen. David hie likegoed in oar ferline hawwe kinnen om as sûnderling figuer út de bus te kommen.
  Dizze klúzner spilet it evensagoed wol klear yn 'e trein fuort in petear mei in yntelligente swarte frou te hawwen en mei har - ûndanks fuortriedende nachttrein mei reservearre plak - de nacht troch te bringen yn har appartemint yn Parys.
  Se hawwe in ynteressant petear:

`Ast tinkst datst in hiel intelligint stik skreaun hast, dêr't nije ynsichten yn sitte, en hearst dan fan hiel wat kanten dat it folslein nonsens is, dan stekt soks net allinne, it is hast deadelik. Want do bist derfan oertsjûge dat der op syn minst wat goeds yn sit. Lit ús sizze dat it wat te krijen hat mei erchtinkendheid. Tink even oan de striid tusken Gauguin en Van Gogh. It elemint oergeunst spile dêr ek in rol. Dat! Dêr kinst wol gek fan wurde.'

As tafallige gesprekspartner sizze jo dan net: `miskien binne jo ek net sa yntelligint as jo sels tinke.' Jo hâlde jo dan wat op 'e flakte. Mar sa net de meireizigster: `Mooglik hat de middelmaat it altyd foar it sizzen.'

En wat seit David dan? `Ja, mar dan foaral de opportunisten, de mei alle winen meidraaiende figueren.'

`Hear, hear', wêr haw ik dat earder lêzen? Yn Piksjitten op Snyp, (1999) dêr't soartelikense wearde-oardielen steane oer De Kosmysken, de lju dêr't de haadpersoanen tsjin stride. (side 358 en fierder).

De grutste oarsaak fan de ûnlêsberens is dat de skriuwer net slagge is en set in personaazje del. Beide haadpersoanaazje binne flintertin. En dat komt omdat De Haan harren neat eigens meijout en net yn harren hûd krûpe skynt te kinnen. Hy kin net binnen harren fiktive wurklikheid bliuwe. Hy raast syn eigen boadskip der boppen ta'n út.
  David en Nanette binne persoanaazjes mei in problematysk ferline. Kenmerkend is, dat as se even foar har út sitte te sjen se fuort `mei harsels boartsje' of oan in eardere seksûnderfinings tinke en alsnoch `mei harsels begjinne te boartsjen'. Gek is ek dat se allebeide deselde namme jouwe oan it manlik geslachtsdiel: de grutte lúsjefers.
  Mar mei in ferline en wat hormoanen hat men noch gjin persoanaazje.
  Dy flintertinheid fan 'e persoanaazjes hat te krijen mei de driuw fan 'e skriuwer om fia harren ús ta te sprekken. En dan haw ik it oer de manier wêrop't se it sizze en wat se sizze.

Bûten de persoanaazjes om.
  Soms krijt men it idee dat de skriuwer tsjin jin as lêzer oanpraat: `It wie wol faker bard yn it libben fan skilders en skriuwers (sic! It giet yn it boek net oer skriuwers) dat se earne in bern yn it wyld hienen. Meastal lutsen sokken har net sa'n soad oan fan wat saneamd normaal en net normaal wie'. Sa begjint haadstik 6, in haadstik fan Nanette, dêr't no-tiid en doe-tiid op in merkwaardige manier brûkt binne.

De wurden `wat saneamd normaal en net-normaal wie' doge net, dy dogge in berop op it noarmen- en weardenpatroan fan 'e lêzer en de ferteller giet derfanút dat de lêzer itselde noarmen- en weardenpatroan hat as Nanette en himsels. No is neat sa feroarlik as Noarmen en Wearden, dus de ferteller kin fanút syn fiktive - ek noch Frânse, dus mei hiel oare wearden en noarmen - Nanette wei, neat skriuwe oer `wat saneamd normaal is en wat net.' Hy docht in universele útspraak oer eat dat net absolút is. En dan is feral it wurd `saneamd' de boosdoener. Want dat wurd suggerearret dat de lêzer yn syn non-fiktive wurklikheid deselde N&W hat as de ferteller. De betsjutting fan it wurd `saneamd' is sa bûn oan syn kontekst dêr't dit wurd yn útsprutsen wurdt (yn in gesprek tusken twa minsken of yn in opinystik bygelyks), dat dit net troch de ferteller yn fiksje brûkt wurde kin. Dat Josse de Haan it hjir dochs brûkt jout oan dat er him net deljout ûnder de wetten fan fiksje. Ferhaaltechnysk besjoen kin er syn eigen lûd net ynhâlde as er syn persoanaazjes oan it wurd lit. Noch in lyts foarbyldsje, wêryn't de ferteller even bûten Nanette om, útlis oer of kommintaar jout op har gedachten:

`Se gong nei fan wa't it bern wêze koe. It moast in fakânsjebern wêze, wat de tiid oanbelanget. Mar it koe ek te betiid berne wêze. Mei't se it let yn 'e rekken krigen hie koe se net presys útrekkenje wannear't der rekke sketten wie. De befruchting, sis mar. (ûnderstreping fan jb) Troch har duorjende langst yn dy fakânsje dy't noch wol in setsje oanhâlde, wie se noch wolris mei ien de koffer yndûkt.'

Mar ek de details, dy't der hielendal neat ta dogge, wize op in skriuwer dy't graach wat kwyt wol no't er dochs mei in roman dwaande is:

`Dy matte wie in âlderwetske brievebus dy't er yn Snyp stellen hie doe't se dêr mei postmoderne bussen begûnen.'

Ynienen komt hjir `Snyp' foar, it plak dat in wichtige rol spilet yn Piksjitten op Snyp, Troch hjir gebrûk te meitsjen fan in earder fiksjewurk wurdt suggerearre as komt ek dizze David út Snyp, of: noch sterker: as is de haadpersoan deselde as dy út Piksjitten. Wat hielendal nergens yn 'e roman befêstige wurdt. It is dúdlik: Josse de Haan is net fan doel him oan de wetten fan in selskeazen foarm fan fiksje te hâlden. Sterker: hy docht mar wat. Hy tinkt nei alle gedachten dat yn literatuer alles tastien is, of dat hy op dit momint grinzen oan it ferlizzen is. Allinnich ferjit er dan ien ding: skriuwers dy't yn 'e literatuer grinzen ferlizze, kinne sa goed skriuwe dat alles binnen har keunstwurk mei-inoar gearhinget.

Noch in foarbyld fan in detail:
   `Ik haw ek wolris in kat hân dy't it lekker fûn my te slikjen om de lytse faam hinne. Dan fielde ik dyn tonge fan eartiids.'
  `(...) Hy fielde him hast skuldich dat er har oan de poezen oerlevere hie. Hawar, it wie altiten noch better as sa'n opknipt hûntsje oan in toutsje dêr't guon mei troch it park rûnen. In hûntsje mei in broekje oan en in wollen tekkentsje oer de rêch. Doe't er dat foar him seach begûn er spontaan te laitsjen. It heugde him dat er oait ris in hûntsje fan in kollega heal ferplettere hie ûnder syn skuon. Hy hie it moarmeltsje net iens sjoen, sa lyts hie it west. '

Sa'n sin, dy't der tidens it skriuwproses ynkommen is, moat der by de redaksje fan it ferhaal daliks wer út, dy draacht hielendal neat by ta it ferhaal en is oerstallich!!

Aksje
  Ik skreau al: it wurdt oan 'e ein better. Dan wurdt it tink- en herinneringgehalte ek wat minder. Dan binne der petearen tusken David en Nanette, wêryn't sok sûndigjen tsjin it perspektyf technysk al in stik redusearre wurdt. De fiktive wurklikheid fan David en Nanette begjint eindelik foar jin te libjen. Wie dit mar earder bard, want op himsels is de romanplot de muoite wurdich.

(Ek by de ontknoping haw ik wol myn fragen: wêrom sa'n omtinken foar de 3 senario's fan `hoe fertel ik dit oan myn dochter?' En wêrom sa'n omtinken foar it `groeien fan 'e grutte lúsjefers' as Nanette gûlt - al wer wat dat neat oan it ferhaal tafoeget? )

It moaiste fûn ik dat it boek in iepen ein hat. It liket allegearre goed te kommen mei David en Nanette, Van Gogh en de takomst. Mar David ferpest alles en Nanette brekt wer alles by de hannen ôf. Se is likefier mei him as mei de frijers dy't se oant no ta hie. Nei de lêste sin witte jo net hoe as it komme sil. Alles is mooglik.

Wat hat de skriuwer ús eins te fertellen?
  David en Nanette tinke en sizze allebeide deselde dingen. It giet altyd oer de apart sette mins dy't it opnimme moat tsjin de midsmjittigens en tsjin de lju dy't mei alle winen meiprate. De skriuwer syn pleit jildet altyd dy iene dy't boppe it meanfjeld útstekt. Dat bliuwt de boadskip, dat is it programma en dat wol De Haan der op allerhanne manier ynpiperje. Sadwaande wierskynlik ek de kar foar Van Gogh. Want it wurdt ferskiljende kearen sein: net Van Gogh wie gek, mar de lju yn Arles.