Eric Hoekstra

In frisse Fransiskaanske dokuroman ***

Dokuroman is krekt it wurd dat dit boek goed beskriuwt.
Oan de iene kant ha wy de roman, hast de autobiografy, fan de Fransiskaner missionaris Gerhard, dy't fertelt fan it libben yn Nij-Guinea en -  in bytsje -  fan syn eigen libben, al is syn eigen libben fral bedobbe ûnder syn funksje/ropping as missionaris. Oan in relaasje mei in frou komt er net ta, want hy kiest kear op kear foar it neifolgjen fan Fransiscus fan Assissi. Dat wol sizze, jins libben yn tsjinst stelle fan de ferhûddûke meiminske, en libje yn suverens en earmoed.
Oan de oare kant ha wy in learsume dokumintêre dêr't Marga (Gerhard) Claus ús allegear learsums yn bybringt: hoe't de Papûa's libben doe't de blanken kamen, hoe't de Yndonesiers de Papûa's fermoarden, martelen en as bisten behannelen, oer it mislearjen fan de VN-yntervinsje, oer it bistich Amerikaanske kapitalisme lykas stal kriget yn de konsintraasjekampeftige fabryk fan Freeport. Al dat ûnrjocht komt oan 'e ein fan de dokumintêre mear nei foaren as yn it begjin, mar it wurdt altyd út twadde hân oan de missionaris ferteld. Suver sydlings, en dat makket dat dit net swier fertarbere kost is foar de lêzer Oer it ginneraal hat dizze dokuroman in lichte toets. Ik hâld dêr wol fan.

Boppedat wurdt it ûnrjocht sydlings wol goed dokumintearre mei fuotnoaten dy't nei boarnen ferwize. Ik bin ymmún wurden foar de measte foarmen fan morele manipulaasje troch twadden dy't my mei it leed fan tredden beynfloedzje wolle, mar yn dit boek libbe ik dochs ek mei mei it leed fan de Papûa's en it fielen fan machteleazens by de haadpersoan foar it sosjaal ûnrjocht oer. Knap wurk dus!
Dochs stiet ellinde en ûnrjocht net sintraal yn it boek. De klam leit noch it meast op de emoasjes en it belibjen fan alles fan de haadpersoan sels: in flinke, diedkrêftige man, ek wol wat ien dy't alles better wit, en ek wol it herfoarmerstype dat wy yn Nederlân mar al te goed kenne: alles moat oars, leve de frijheid, mar dan wol yn de betsjutting fan "frijheid sa't IK dat sjoch"! Spirituele arrogânsje is him net frjemd (side 266):

"Wa't útdagingen út de wei giet en fêstichheid siket, kin better net Fransiskaan wurde. Miskien moat dy himsels ek gjin risten neame."

It Papua byleauwe wurdt fûl bestriden en dêr komt it beskaafdere kristlik byleauwe foar yn it plak. Der komme prachtige anekdoates yn it boek foar oer wat de patora (pastoar) net allegear mei syn doarpelingen belibbet. De petearen tusken de Fransiskanen binne ek nijsgjirrich, jouwe in idee fan wat der by sokke idealisten libbet. En foar in ûnkristlik, asosjaal, anty-idealistysk type as mysels is Fransiskus fan Assissi fan alle tsjerkeheiten de sympatykste, om't er "docht wat er seit, en seit wat er docht", om mar ris in ferneamd Nederlânsk politikus te sitearjen. Of sa't Claus skriuwt (side 116):
"Sjen, rekke wurde en yn beweging komme: it gong om de dieden. Fransiskus wie in ikoan fan humaniteit. Dat werkende ik en dêr woe ik neffens libje. Net krektlyk as him: dat hie er fan syn tiidgenoaten net iens frege. Mar op myn manier, yn dizze tiid, op it plak dat my tawiisd wie."

De titel "De heit fan Serafyn" ferwiist nei in ferhaalline dy't mar in hiel tin triedsje fan dizze (auto)biografy útmakket. Ja ja, it is in biografy yn de IK-ersoan. Serafyn, in adoptearre popke wêrfan't de missionaris tinkt dat it stoarn is, komt amper yn it boek foar. Mar goed, nei "Oxzana, ferhaal fan in flechtling" koe Claus min mei in titel komme lykas "Gerhard, ferhaal fan in missionaris op Nij Guinea" of soksawat.

Mei't it boek op Nij-Guinea spilet hat it de sjarme fan reisferhalen, fan it eksoatyske. It is nijsgjirrich om oer it libben yn de rimboe te lêzen, oer de flieën, de bargen en de gekke fiten fan de ynlanners, mar ek om wat op te stekken fan de polityk en skiednis fan Nij-Guinea, ek omdat de Nederlanners der húsholden ha. It boek die my kwa tematyk (kontakt primitiven mei sivilisaasje) ek tinken oan in oar boek, in ferhaal dat it kontakt tusken Eskimo's en blanken beskriuwt, en dêrby allyk as Claus in goed byld jout fan de libbensstyl fan de primitiven. Dat is Ype Poortinga syn Duveldei op Grienlân, in oanrieder foar wa't graach oer eksoatyske kultueren en fiere lannen lêst. Beide boeken lêze moai flot.

Moai detail is dat de missionaris, as er âld is en yn Nederlân werom, yn it âldereinhûs kâld is, mar der neat oan dwaan kin, omt ert syn keamer neti in eigen plaatsje byferwaarmje mei. Regels foar alles by de Nederlanners! In dehumanisearre maatskippij. En fansels meitsje wy ús hjir om triviale saken drok, yn ferliking mei wat der yn Nij-Guinea allegear bart, mar ja, wy moatte ús dochs drok meitsje om dingen dy't ús oangeane. En is der gjin hongersneed, dan meitsje wy ús drok om de prizen yn 'e supermerk.

Wat ik miste yn dit boek fan Marga Claus is sinyske en ûnmeilydsume humor. Ik wit dat se yn stikjes yn Trotwaer minsken op in briljante en spikerhurde manier ôfmeitsje kin. Dy kant fan de skriuwster is folslein ôfwêzich. Tajûn, yn dit boek wie it miskien net needsaaklik, miskien ûnmooglik, mar foar my is dat de moaiste kant fan Marga Claus dat dêr wol Justus wol mear fan sjen:

"Doch earst wat needsaaklik is, dan wat mooglik is, en ynienen, silst sjen, dochst it ûnmooglike." (taskreaun oan F. fan A.)

Hjir besprutsen:
De heit fan Serafyn Marga Claus,

Utjouwerij Fryslân, 339 siden.