Jetske Bilker
CHE EN GREET
Che Guevarra... hast elk fan foar 1970 ken wol it pop-artachtige portret dat fan dizze Argentynske dokter makke is. In part fan dat portret is ôfbylde op ’e ferhalebondel fan Greet Andringa, lykas ek in part fan syn namme yn ’e titel opnommen is. Doe’t ik noch neat fan ’e ynhâld fan dit boek fernommen hie, begriep ik neat fan dy titel. Wat wie no Che? No’t ik de ferhalen in pear kear lêzen haw, mien ik de kar foar dizze titel en dizze foarkant te begripen, mar wei fan ’e titel bin ik noch net.
Guevarra en Andringa hawwe ien grutte oerienkomst: harren medyske achtergrûn. Fierder kin men ek oanfiere dat de haadpersoanen yn Che en de frijheidsstrider sa harren idealen yn it libben hawwe. Dy idealen yn it boek moatte oan diggels gean, lykas as it portret fan Che Guevarra yn it titelferhaal ek oan diggels giet.
TROCHPAKKE
Yn it titelferhaal komt de froulike ikpersoan har eardere learaar wiskunde tsjin. Andringa wit de man goed del te setten, figuer en sfear sjoch ik sa foar my. Se doar him net oan te sprekken. It ferhaal bestiet dan ek út gedachten en herinneringen, it ferhaalramt is de gesamenlike treinreis, dêr't se him no en dan tsjinkomt. Har konkrete herinneringen jildzje in barren tusken harren beide, in foarfal op skoalle dat mei it portret fan Che Guevarra te krijen hat. Yn in djippere laach hannelet it ferhaal oer idealen dy’t net wier makke binne. Yn it gefal hjirre de idealen fan har eardere wiskundelearaar.
Oer it libben en de idealen fan de ik-persoan komme we net folle te witten. It ferhaal is goed skreaun, mar de komposysje is ienfâldich: in werkennen fan in persoan út it ferline mei dertusken yn flashbacks. It docht nuver oan dat de ‘ik’ sûnder oanlieding ynienen ynsjocht dat der wat mankeart oan de man: hy hat nammentlik foar wiskunde keazen, en net foar de idealen dy’t mei Che anneks wienen. Spitich is dat dizze fernuvering allinnich yn de haadpersoan plak fynt: de lêzer wit net better as it wie in learaar mei in portret fan Che Guevarra oan ’e muorre.
As men oannimt dat de tematyk fan dit ferhaal ek yn de oaren spilet, krijt men in better begryp fan de ferhalen. Der tysket noch alris ien om mei syn ferline en mei takomstidealen. Allinne soe it moai wêze as dy haadpersoanen ek ris trochpakten. Der wurdt neitocht, briefskreaun, tekene en gûld en dêr hawwe de plots fan de ferhalen slim fan te lijen.
YN IT LIBBEN KOMT SOKS FOAR
As der al plots binne. It binne beskôgingen fan hoe’t ien tinke kin as er yn ’e tweintich is. Sa is der in brief yn `brief oan Ale', skreaun oan in eksfreon, wêryn’t de briefskriuwster har nochris bûcht oer it ferrin fan de ferkearing. Se begjint sa: ‘Ik wit net wat it is, mar ik moat de lêste tiid wol gauris oan dy tinke’. Dat is al net in sterk begjin, fierstente faach en te frijbliuwend, elkenien hat wol ien dêr’t er sa’n brief nei skriuwe kin. Nei in pear ferkearingsanekdoates, dêr’t de lêzer net oars fan wurdt, en wêryn’t se by de noas lâns noch even oanjout yn sosjaal opsicht slagge te wêzen: ‘net ien stjoert my mear om in boadskip, ik haw al acht jier in eigen praktyk’, stiet der wer soks: ‘Dat ik no skriuw hat der mei te krijen dat ik besykje te begripen wat ús doe neiïnoar ta en byinoar wei dreaun hat’.
Nei noch wat prakkesearjen einiget de brief mei de fraach wat dy leafde no krekt west hat. Dêr wol se in antwurd op hawwe. Se krijt in antwurd: ‘Skriuw net wer. Myn frou hat dat leaver net.’ Tsja. Yn it libben komt soks foar, mar as ein fan in ferhaal kin it echt net. Nei al dat gepiel oer dy relaasje komt der in sawat noch in nij persoanaazje op ’e proppen: de frou fan Ale dy’t net oer sokke brieven kin. Sa komt de hiele brief yn it neat te hingjen. It is te patsboem en wat minder is: de lêzer hat begrip foar sa'n reaksje en giet oan ’e kant fan Ale en syn frou stean. De briefskriuwster komt nochal navelstoarderich oer. Wat moat men mei sa’n brief? En wat moat sa’n brief yn in ferhalebondel as it net in ferhaal is?
En sa’n brief komt ek nochris foar yn ‘Op ’e drompel’. Dêryn is de brief in part fan it ferhaal oan Pyt en sa likernôch fan itselde gehalte – ‘No en dan wit ik absolút net wat ik mei dy oan moat’, begjint it. ‘Op ’e drompel’ is wol it minste ferhaal. Der komme details yn foar dy’t gjin betsjutting hawwe yn it ferhaal, sa as oer in buorfrou út it bertedoarp fan de adolesinte ‘ik’. It is logysk dat in begjinnend skriuwer sokke anekdoatyske details oanfiert, mar in goede redakteur skrast se as earste. Yn it ferhaal tilt it op fan dizze details, de lêzer giet fan de iene nei de oare. In reade tried mist. Boppedat stiet yn hast elke alinea hoe’t de ‘ik’ har fielt: ‘Ik siet folslein yn ’e tiis op dat stuit’. ‘Ik seach yn in grut tsjuster gat ‘. Dat it om in ‘Sil-it-oait-noch-wat wurde-mei-my?’ problematyk giet, is gjin fersachtsjende omstannichheid, sokke omskriuwings binne te eksplisyt.
HONGERIGE HORMOANEN
Apart is dat der yn de ferhalen dêr’t wol sprake is fan in ferhaalferrin, in plot en in ‘hy’of ‘sy’ persoanaazje (dus gjin in harsels beskôgjende ‘ik’) it ferhaal soms sa hurd giet, dat ik it trije kear lêze moast om te sjen oft ik ergens oerhinne lêzen hie. Sa as by ‘Narcissus’. Sa’n science-fictionferhaal is in Fremdkörper yn dizze bondel. It is net moai skreaun, der wurdt tefolle ynformaasje jûn, de lêzer moat goed oplette.
It ferhaal ‘Spul’, dat ridlik spannend is, giet oer in frou dy’t yn in auto ûnderweis is en dy’t, net meisin, by in benzinepomp mei in frachtautosjauffeur sjanst. (se sjocht him perûngelok te lang oan). Hy reagearret, se spylje in spultsje en se stopje by in motel. Yntusken komme we fia flash-backs te witten hoe't se wurden is sa't se is. Se is nammentlik earder in soad pleage troch har broer, en har mem hat sein dat se altyd alles stikken makket. Op in stuit kin se net hurder ride as se wol. De sjauffeur skynt wat knoeid te hawwen oan har gaspedaal. Ik haw besocht út te finen wannear’t dy man dat dan dien hawwe moat, want krekt derfoar hat se sûnder problemen noch 140 km riden.
Yn de motelkeamer folget in spannende sêne, wêryn’t de sympaty fan de lêzer foar de ‘ik’ oergiet nei de sjauffeur. Komysk is it om foar in hongerige mage en hongerige hormoanen yn ’e búk, in jonge hûn as metafoar te brûken: ‘neist de auto fuorje ik de jonge hûn brune bôle’. Mar even letter is it it geile gefoel: ‘weromfluitsjen hat gjin sin mear, de hûn draaft mei faasje de frijheid yn ’e mjitte en ik fiel dat ik honger haw, gjin bôlehonger’.
Ek in moai ferhaal is ‘Ut balâns’, dêr’t de ikpersoan in dokter is yn ’e drugshelpferliening. Se beskriuwt in klant, en it wurdt frij gau dúdlik dat se him ken fan froeger, mar hoe en wat wurdt de lêzer krekt yn de lêste sin gewaar. Der wurdt in reëel byld jûn fan dat soarte fan helpferliening. De ik-dokter tyspelet om mei skuldgefoel, sa fan ‘hie-ik-him-net-mear-omtinken- jaan- moatten?’ As lêzer jout men – fansels - de ferteller it foardiel fan ’e twifel. Mar as yn de lêste sin dúdlik wurdt hoe’t it froeger siet, hat de ik-ferteller foar my ôfdien: ja fanke! Do hast him aardich yn ’e stront sakje litten. It tema fan dit ferhaal: it wol of net terjochte skuldgefoel is dêrmei yn ien kear fan ’e tafel en ik tink dat dat net de bedoeling wie.
By de ferhalen mei plot en tiidsferrin hearre ek ‘Nachtbesite’ en it lêste ferhaal ‘Trije hûndert meter’, goede ferhalen, meinimmend beskreaun en mei spanning. Fêst gjin tafal is dat hjir gjin ik-persoanen oan it wurd binne. As Andringa in oar wat belibje lit, docht bliken dat se in stik koarter om ’e hoeke kin en dat se wit hoe’t se spanning opbouwe moat. Yn dizze ferhalen ek gjin gedachtespinsels dy’t nergens ta dogge.
IN FREDICH DRIUWKELJEN
Noch even oer de idealen fan de haadpersoanen, dy’t yn ’e ferhalen oan diggels geane. Yn it ferhaal ‘Skobben’ stiet mei safolle wurden hoe’t de ideale wurklikheid fan de fertelster derút sjocht. As har freondin kritysk trochfreget op in stik fan Ibsen, dêr’t se krekt oer ferteld hat, wurdt de fertelster lilk: ‘en ik klap wer ris dwars en stymsk mei myn kop tsjin de spljalterige en rûge kanten fan wat sy en in soad oaren foar de realiteit hâlde. In realiteit dêr’t alles en elkenien yn earste ynstânsje mei in paranoïde en diskwalifisearjende blik besjoen wurdt’.
Even derfoar hat de fertelster in ynkykje jûn yn wat se sels fan it libben fynt: ‘in fredich driuwkeljen op in yntuysje foar wat goed en wier is yn it libben’. En dat is wat de ik-fertellers yn de ferhalen fan de ‘minsken libjend op ’e grins fan ’e folwoeksenheid’(neffens achterflap) wolle: folle goeds en wiers yn it libben, en gjin spjalterige en rûge kanten. Se wolle it libben graach as ‘hiel’ sjen.
Om soks ûnder wurden te bringen falt alhiel net ta. Jo sizze al gau tefolle. In skriuwer sjit syn of har doel gau foarby as se soks dúdlik meitsje wol. En dat is wat Andringa hjir yn har ferhalen besocht hat te dwaan: yn fiksje dúdlik meitsje hoe’t de ideale wurklikheid derút sjen moat en tagelyk tajaan moatte dat de wurklikheid oars is: spjalterich en mei rûge kanten.
GOEDE REDAKTEUR
Mei it ferhaal ‘In ûnbekende soldaat’ is har dat it bêste slagge: haadpersoan Marije hat langst nei in ûnbekende soldaat, dy’t se as berns ris sjoen hat op in fakânsje yn Noarwegen. Se hat har freon útsteld om no ris mei fakânsje nei Noarwegen, mar se ferfeelt har eins te pletter, hat langst nei de soldaat en gûlt as se allinne is. Sa op it each wit men net wat der is. As ik echt oan it closereaden gean, kom ik fia de groede yn ’e bleate búk, hielendal oan it begjin fan it ferhaal, en fia de earste menstruaasje tidens fakânsje yn Noarwegen en de ferfeling fan de twadde fakânsje yn dat lân, út by in bernewinsk fan Marije. Mar dan net mei Simen, want dêr frijt se net mear safolle mei, mar mei in ûnberikbere ideale man, dy’t stal krigen hat yn de ûnbekende soldaat.
Soms is it Frysk fan Andringa wat ûnhandich. Dan stiet der ‘oars’ dêr’t earst nei alle gedachten ‘trouwens’ stien hie. Oer it algemien kin sy goed sitewaasjes beskriuwe. As se tenei har haadpersoanen minder mei harsels ompiele lit, subtiler gefoelens beskriuwt en mear omtinken jout oan in ferhaalplot (en dy net oan ’e ein fan it ferhaal fanút it neat wei tafoeget), en as se in goede redakteur krijt, hoopje ik yn ’e takomst mear fan har te lêzen.
Greet Andringa, De diggels fan Che (Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2003)