Jetske Bilker

ANDRYS SET TROCH

Wa’t nei in kabaratier yn de Harmony west hat en letter seit: der wiene in soad aardige stikken by, bedoelt: it gehiel foel my ôf, mar ik moast no en dan wol laitsje en sa wie it dochs gjin weismiten jild.
  ‘In roman grôtfol sterke stikken’ stiet der op de achterkant fan Regaad yn ’e himel en dat is frjemd foar in achterflaptekst. Is it as roman dan mislearre? No steane der fol faker kontroversjele stikjes op ’e achterkant fan in Bornmeerboek yn de nije lijn  - pocket-idee en mei de achternamme hiel grut op de foarkant, sadat de titel der sawat by wei falt -  ‘dit boek is net om troch te kommen’, stiet der bygelyks by Jaap Krol syn boek Nûmers. Mar dizze tafoeging by Sterk liket riskant.
  
Himel

Dit boek giet oer de himel. De yn it libben griffermearde Andrys van der Keur komt telâne yn de kristlike himel, dêr’t er fijn yn syn eigen gerak sitte mei: gerak 2b, in subôfdieling fan de protestanten. Der is ek in katolyk gerak en fierder mei elk dy’t der ferlet fan hat, in nij gerak oprjochtsje. Sa giet Sterk op in humoristyske wize om mei it bestean fan allerhanne tsjerke-ôfsplitsings sa’t we dy de lêste hûndert jier meimakke hawwe en lêze we oer ‘it gerak fan de Post-Ierdske Tolerante Kristenen’ en ‘it gerak fan de Kristenen fan Unlijich Waar en Gleone Simmerdagen’.
  Mar de kristlike himel rint leech. Alle sielen dy’t alle dagen mei boatsjes oankomme, naaie út nei de islamityske himel, in himel dêr’t in stik mear tastien is.        
  Petrus, Jehannes en Bismarck, dy’t it regear oer de himel hawwe, hawwe foar harren sels in himel kreëarre. God is der net en hat der nei alle gedachten ek noait west. En omdat alle deaden dochs sa harren ferwachtings hienen fan in himel, hawwe se it himelse libben foar de kristenen safolle mooglik lykje litten op it ierdske libben: elk syn eigen tsjerke, syn eigen gerak. ‘Boete dwaan foar jo sûnden’ hâldt dat yn foar Andrys syn gerak.
  It is dus yn de himel oars as de deaden ferwachte hienen. De measte himelbewenners lizze har der by del of flechtsje nei de islamiten, mar Andrys – by it libben al steil yn ’e lear -  giet der tsjinoan. Yn syn eigen gerak docht er neifraach wêr’t God bleaun is en krijt dêr it ferhaal te hearren oer God, dy’t der wol west hat, mar syn nocht der fan krige, nei’t in frou de boel yn ûnstjoer brocht hie. Oer sterke stikken sprutsen: dat is in prachtich ferhaal, oer it fanke fan De Harkema, dy’t by it skjinmeitsjen fan God syn buro yn syn boeken sitten hie te knoeien.
  Andrys pakt dit ferhaal oan om regaad yn de himel te meitsjen. Hy sjocht in glânsrol foar himsels weilein, om de himel wer klear te meitsjen foar God. Hy beneamt himsels as paadsljochter en weiwizer fan de God, dy’t – sa fertelt er oan it folk - wer weromkomme sil as it yn de himel wer hielendal okee is. Mei achterkeammerkespolityk en in soad gekonkel soarget er derfoar,  in sit yn it deistich bestjoer te krijen. Syn programma is dat der mear minsken yn ’e himel bliuwe, en ek dat der in Nij Jeruzalim boud wurde sil. Leuk is dat de trije regearders dy’t er op syn wei fynt, ek hannelje neffens de eigenskippen dy’t wy harren tadichtsje: Petrus is de prachmatikus en hannelet ‘katolyk’:  kiest noait dúdlik en de sfear wurdt altyd bourgondysk by Petrus yn ’e buert. Jehannes is in bytsje faach, hâldt him oeral bûten en ferdwynt foar altyd as it him net mear befalt. Bismarck is de militêr dy’t de oarder der oan it lêste ta ynhâlde wol.  
  As Andrys sels baas is, wurdt er hieltyd grutter potentaat en trede der ferskynsels op dy’t by it diktatorskip hearre. Lykas dat giet mei lju dy’t earst mei in ideaal begjinne, it besteande bestel oan kant reagje en dan allinne oan de top steane. Dy hawwe it te drok mei oan ’e top stean bliuwe en ferjitte harren ideaal. Sokke diktators krije lêst fan krityske opstannelingen. Dan moat der beskerming fan in leger komme. Sa is it hjir ek. Der binne twa militêren: ien oan it haad fan in lyts legerke en ien dy’t syn persoanlike liifwacht is. Dizze twa blike letter fansels korrupt te wêzen.  Der is in frou dy’t syn geunsten siket omdat er macht hat, mar daliks nei in oar útnaait, as er dy macht driget te ferliezen. En der is de idelens fan Andrys dy’t earst himsels fan syn namme Sûnder 34240 ôfhelpt en Sûnder nûmer 2 wurdt, mar op it lêst himsels fan alles tadichtet en himsels sels in bytsje as God sjocht. Hy wurdt in Lieder en lit him behannelje as in lieder. Hy lit it folk skandearje. Sels Petrus krijt der op it lêst syn nocht fan en ferdwynt.
  As Petrus der net mear is, ûntstiet der in ekonomysk probleem, dat ien fan de oarsaken is fan de delgong fan Andrys. Want Petrus soarge mei syn tsjoendersstokje foar de drank en omdat der yn ’e himel fierder gjin betellingsferkear is as earetitels en drank, komt Andrys yn ’e problemen as er syn legerke net mear betelje kin. Boppedat sjit sa de bou fan it Nij Jeruzalim ek net op.
  Mar der binne mear dingen dy’t liede ta de fal fan Andrys de Paadsljochter. Sa komt Sytske, syn wettige echtgenoate op ierde, yn ’e himel en fertelt him dat er net safolle praatsjes hawwe moat. Ek rekket er stadichoan oan ’e drank. In oar ding is, dat de ferfeling taslacht.

De hel

Mar de oanlieding ta de minne ôfrin, is de besite oan de Hel. Dêr is wat bysûnder mei, dy hel. Want dy wie der yn it begjin net: doe’t Andrys syn earste stappen yn ’e himel die, sei Jehannes yn syn wolkomwurdsje dat der gjin sprake wie fan in God, mar ek net fan in Hel. Dy hel kaam der op in stuit hiel ûngemurken yn, doe’t Andrys Bismarck yn de hel goaie woe. As er ien kwyt moat, betinkt er in hel en komt der in hel.
   In hiel skoft letter yn it boek, dus as der yntusken al goed straft wurde moat, dus as in hel echt nedich wurdt, giet Andrys sels op besite yn de hel en dan besteane dêr dochs allerhanne duvels mei nammen as Hantsje Pik en Lúsjefer.
   De gearsit einiget hiel noflik mei in hiele soad drank. Andrys en Hantsje Pik geane as freonen útinoar en Andrys mei noch even sizze wa’t op ierde allegearre it libben ôfnommen wurde moatte en hy neamt fansels dejinge dy’t him thús yn it doarp al dwars siet: in katolyk, Foppema. (Dit kloppet neffens my net hielendal, want it tiidstip fan de dea, dêr gienen de seinemannen oer.) Dizze deal mei de duvel sil him min bekomme: ien kear yn ‘e himel, bewurkstelliget Foppema de fal fan Andrys, hy liedt it leger fan de opstannelingen.

Twadde kâns

De ynterpretaasje leit foar de hân: Andrys krijt in twadde kâns, nei syn libben as steile yntolerante griffermearde, mar ek stikeme trochdriuwer: hy stiek by libben nachts de bannen fan de brommer fan syn soan leech, as hy it ferbaal net fan him winne koe. Mar ynstee fan him te skikken yn syn gerak 2B of nei de islamityske himel te flechtsjen (wat tastien wie), giet er troch mei syn sin troch te setten. It moat sein wurde dat er – ferlike mei syn libben – hiel wat byleard hat: hy ken no de trúkjes, sadat er it ta lieder fan de himel skopt, wylst er it op ierde as âlderling net iens ta in twadde amtstermyn brocht hie: dûmny frege him om him werom te lûken.
  Yn syn twadde libben betinkt Andrys – dwars tsjin it feit dat him dêr ferteld wurdt dat der gjin himel is – in God, dy’t him oanwiisd hat om as in soarte fan Jehannes de Doper, it paad te sljochtsjen foar syn weromkomst. Hy betinkt der sels wat fisioenen by en de minsken leauwe him al gau. Ek it ferhaal oer Jezus, dêr’t  Petrus him oer sein hie dat er al hiel gau nei de islamityske himel útpykt wie, ferdraait er sa, dat er it brûke kin. En as der ien kear lju binne dy’t net meiwurkje, sa as Bismarck, moat er der ergens mei hinne en sa betinkt er de hel op ‘e nij as strafoard.
   Andrys betinkt it allegearre sels, dus en wy - suggerearet de skriuwer mei dit boek - betinke ek alles sels: in God, in Jezus, in himel en in hel. 
  De link tusken ús ‘kristlike werklikheid’ en dit beskreaune libben yn de himel wurdt hielendal dúdlik yn it lêste stikje: de epilooch. Dêryn krijt Andrys syn tredde kâns: Petrus goait him as lytse poppe yn in widze yn Yndia, op 25 desimber. In grapke. Dat makket it boek rûn, want Andrys syn earste libben waard sketst yn de prolooch, as er yn de deadskiste weromsjocht op syn libben.

Ferwizings

Dit boek stiet fol mei yntertekstuele ferwizings, en der stiet foar yn it boek dat dy ferwizings foar de goede fersteander binne. Wat de bibel betreft bin ik in goede fersteander en wat dat betreft sit it ek hielendal goed. Sa goed dat ik net leauwe kin dat Steven Sterk yn it ynterview mei De Moanne seit dat er de bibel amper ken. De terminology kloppet hielendal, de bibelse en de griffermearde. As Sterk de bibel echt brûkt hat as de I Tjing, sa’t er dêr seit, sil er dochs wol stjoerd wêze troch ien of oare Almachtige, want as ik wat yn de bibel opsykje wol, fyn ik it noait. Mar dat is it fansels: wa siket sil net fine.
  Dy yntertekstuele ferwizings liede net ta de ynterpretaasje, lykas dat wolris wêze kin yn boeken dêr’t de skriuwer syn bêst op dien hat om it wat literêrs lykje te litten. De ferwizings yn Regaad binne tafallich en net konsekwint. Sterk hat it aardich fûn oerienkomsten te suggerearjen. Want wat moatte jo mei de namme Andrys bygelyks? Andreas wie ien fan de fjouwer earste apostels, de broer fan Petrus, ek in fisker, mar dêr is fierder neat mei dien. It hat net in betsjutting.
  Yn it gerak dêr’t Andrys telâne komt, krijt er dan ek in nije namme, dêr’t er earst hiel bliid mei is: Sûnder 34240, wat o sa tinken docht oan Auschwitz, dêr’t de gefangenen inoar ek ynearsten koenen oan harren nûmer dat har fan boppe wei oplein wie. Mar moat ik dan de link lizze tusken dizze himel en in konsintraasjekamp? Dêr kom ik net fier mei.

Sterke stikken

Kom ik werom by de sterke stikken fan de achterflap. Miskien wurdt der doeld op de ferhalen dy’t der ferteld wurde. Yn it begjin lit Sterk sjen dat er moai fertelle kin, sa as it ferhaal oer It ljidske fan De Harkema, prachtich. Sa begjint it: Op in dei slûpte in frou de himel yn. In skurvenien fan De Harkema. It wie yn ’e tiid fan ’e sigerige spitketen, heane geit om ’e doar, en in stik koalraap as moarnsiten (..) Syn styl hat in soad fan dy fan Trinus Riemersma: moai Frysk idioom sa’t âldere lju noch prate as se it mei-inoar ergens oer hawwe, en dat yn en yn-Fryske plattelânslibbenútbyldzjende taalgebrûk, tsjin it lêbige oan, mar krekt net en dêrom sa treffend en moai. Better kin ik it net ûnder wurden bringe.
  Mar nei de helte fan it boek begjinne dy ferhalen de gong fan it ferhaal op te hâlden. As der in besite oan de seinemannen brocht wurdt, bygelyks, hearre we de ferhalen oer minsken op ierde dy’t helle wurde troch de Man mei de Seine, en dat binne dan ferhalen oer lju dy’t net dea wolle. As der in besite oan de hel brocht wurdt krije we datselde soarte fan ferhalen te lêzen oer lju dy’t troch de duvel helle wurde en ek net wolle. As we dan hielendal op ’e ein tidens de besite fan Andrys oan de islamityske himel it ferhaal fan it ûntstean fan dy himel trochlêze moatte, stiet men yn bestân en blêdzje even troch nei de ein fan dat skeppingsferhaal en pik dêr de tried wer op. Moaie ferhalen, dy’t fierder neat tafoegje oan de betsjutting, binne wolkom, mar se moatte wol op it goede plak stean en net it ferhaal ophâlde, as dat hast ta syn klimaks kommen is.

Dit is in moai boek om te lêzen troch de moaie styl, de gebeurtenissen en omdat it op in stuit echt spannend wurdt, wat der mei Andrys barre sil. Jo binne ek benijd hoe’t er dat noch úthâlde sil, mei syn griffermeardens. Mar de spanning  nimt oan ’e ein fan it boek ôf. Dy ein sjogge jo oankommen, it kin dan al hast net mear oars as Andrys sil tenûnder gean. It liket wol op de neidagen fan Hitler yn syn bunker. Mar dan duorret it by Andrys noch in pear besites en wat ferhalen. De korrupsje – op in stuit witte jo net mear wa’t no foar him of tsjin him is -  en de striid, dy’t der mei anneks is, binne dingen dy’t de gong út it ferhaal helje.
   Dat is spitich, want ik tink dat it boek dêrtroch minder ta syn rjocht komt. Want ik fyn it feral in moai boek om de gedachte derachter. Om de boadskip, dy’t je deryn lêze kinne. Want it giet fansels net om dy striid achteryn it boek en om it feit dat Andrys de diktator fan de Himel waard en wer ôfset waard. Soks bart dêr wol faker, sjoen de lakonike hâlding fan Petrus en Bismarck oan ’e ein fan it boek. It giet om de gedachte dy’t ik hjirboppe neamde: dat in mins hieltyd wer foar himsels in God betinkt, dwars tsjin alle waarnimmingen en better witten yn. En – as is dat net genôch – dêr ek noch in hel by betinkt, om mei lju ôf te weevjen en om mei te driigjen as men jins sin hawwe wol. Ynteressant is dêrom de ein. Wat sil Andrys dwaan no’t er as baby yn Yndia berne wurdt? Itselde? Of komt er der einlings achter hoe’t it sit?
   Troch in boek oer it wel en wee yn ’e himel te skriuwen, wol Sterk oanjaan hoe’t hy tinkt oer it leauwe yn in god. En net allinne oanjaan, tink ik, hy wol minsken miskien troch dit byldzjende ferhaal in spegel foarhâlde. Miskien wol er leauwigen wol oan it twifeljen bringe, wa wit? Undanks de sterke stikken in boek mei in echt boadskip, al is it dan net in bliid boadskip.

*

Steven Sterk, Regaad yn ’e himel (Bornmeer, Ljouwert 2004)