Jetske Bilker
HAPPY END HELLET LÊSTE HÛS ÚT LYKWICHT
Fan de iene op de oare dei alles achter jin litte en emigrearje. De boel de boel litte en jin hiel ergens oars nei wenjen sette. Elk hat dat fêst wolris wollen. De measten sille harren dochs earst achter it ear klauwe en betinke wat se dan allegearre wol net achterlitte. Meastentiids sil it ek trochgean, dat men hielendal ergens oars op ’e nij begjint.
Lykwols, Hesling Alberda fan Sykjend nei it lêste hûs hat der alle reden ta om alles achter him te litten. Yn syn iere bernejierren is er syn heit en letter ek noch syn mem kwytrekke oan de dea. Hy en syn oare twa broers Jan en Marten waarden ferlotte ûnder de rest fan de famylje. Hesling, de jongste, komt by de meast asosjale húshâlding telâne, by it spoar yn in achterstânswyk oan de râne fan Dokkum. Dêr wenje omke Jelke en muoike Anna mei fjouwer jonges en twa fammen, en ien derfan, syn neef Tiedeman, makket him it libben behoarlik soer. It is in earsteklas sadist. De beide nichten hawwe ek beiden har ynfloed op Hesling syn libben, al is dat op in hiel oare manier. De iene is Aukje, dêr’t er fereale op is. Aukje krijt tb en komt yn in tintsje telâne. Hesling fettet bysûndere gefoelens foar har op en lêst har wolris gedichten foar. De oare is Jildau, yn it begjin fan it boek wat in ûnskuldige float, mar letter yn ’e oarloch papt se oan mei de Ortskommandant Maurer (dy’t ek foarkomt yn It wrede foarjier). Tiedeman seit dat Hesling oeral útbazune hat dat Jildau in moffehoer is. As Jildau yndie op Byltsjedei beskuldige wurdt fan ferried, krijt Hesling dêrfan de skuld. De hiele húshâlding – dy’t dochs al net it measte mei him ophie – keart har tsjin him. Hesling hâldt dat net mear út en ferdwynt fjouwer jier nei de oarloch nei Kanada, iensum en ferbittere.
Skriuw it fan dy ôf
Mar Hesling komt nei fjirtich jier werom. It ramtferhaal wurdt foarme troch syn weromkomst. De oantinkens oan earder binne de ynhâld. Hy sit yn it fleantúch en syn tinzen geane oer wat er fine sil. Yn Kanada is yntusken ek it ien en oar bard. Hy hat noait troud west, hat ek gjin bern. Yn de bosk- en mynbou hat er syn brea fertsjinne. Fan it hurde wurk hat er in kwaal oprûn en sa is er út it wurk rekke. Hy hat genôch jild opsparre. Syn freondin is fuortrûn. Sadwaande hat er besletten werom te gean. Mar de fraach is: wêrom? Wat ferwachtet er oan te treffen? En wat sil er dermei?
Dy fragen sweevje boppe it earste part fan it boek, mar dat dringt as lêzer noch net sa ta jin troch, want jo binne feral nijsgjirrich nei wat er fine sil en nei wat der eartiids bard is, dat er sa raar fuortrekke is.
Hesling boekt in keamer yn hotel ‘De Posthoorn’ en skriuwt yn in skrift al syn belibbenissen fan eartiids op. Nei’t er sûnder wurk siet, gie er yn Kanada wolris te fiskjen mei syn maten en ien derfan – Billy Parker - rette him oan alles op te skriuwen. ‘it opskriuwen fan libbensferhalen kin bydrage ta it ferarbeidzjen fan feiten dy’t dy ûnfertarber hieltyd wer opkomme’. Dat docht er dus, mar net allinne, hy giet werom nei it plak fan syn ferline, mar sit yn syn hotelkeamer ek nochris alles op te skriuwen. Dat opskriuwen, dêr is wat mei. Te faak wurdt sein dat Billy Parker sein hat: skriuw it op. Uteinlik wurdt der neat mei dien.
Wat de lêzer oer syn bernetiid fernimt, is yn hertferskuorrend. Foar him wie it in grutte ellinde yn dy húshâlding: dat narjen (se skuorden him neaken troch it brannettelfjild) en dy fize húshâlding. As it jonkje op in stuit Mem sizze moat tsjin syn muoike, kinne jo hielendal neifiele hoe swier dat foar him is. Dochs binne dy minsken fan de húshâlding fan muoike Anna net swart-wyt delset. Se hawwe genôch djipgong meikrigen om se ta oannimlike persoanaazjes te meitsjen. Dy illindige tiid yn Dokkum is prachtich beskreaun,
It iennichste dêr’t ik yn it earste part wat muoite mei hie is dat er him safolle sizze lit: Tiedeman beskuldiget him fan de raarste dingen, mar Hesling giet der amper tsjinyn. Te bang foar de gefolgen, faaks. Mar as lêzer wolst him wolris in skop jaan: ‘Toe no, jonge!’
Neat mear te finen
Yntusken rint Hesling syn sentimental journey of wat it doel ek mar wie, op ’e non. Mei in hierauto giet er wat plakken ôf nei’t er yn tillefoanboeken adressen opsocht hat. Syn broer Marten is dea, de widdo is der noch wol. (Echt sa’n Durk van der Ploeg typke: se wennet oan de seedyk en is klear foar de winter, se bedoelt it winteriten. Se freget him wêrom’t er net skreaun hat. En dan blykt dat er de brieven net goed genôch adressearre hie. In miste kâns. Hy mei by har bliuwe te útfanhûzjen, mar dat docht er net, wêrom is net krekt dúdlik. Hy hie it dan yn alle gefallen mei har sa no en dan oer Marten hawwe kinnen.
As er by de oare broer foar de doar stiet, komt der ek al gjin Spoorloos- tafriel.
‘Geartsje, haw ik in broer yn Kanada?’
Der folget stommeljen yn ’e gong.
‘Net dat ik wit.’
Wêrom’t dat sa mâl moat wurdt net bekend, mar it draacht wol by ta de konstatearring dy’t Hesling op in stuit dwaan moat: missy folbrocht. Risseltaat nihil. Want fierder is der ek neat mear te finen. De grêven fan syn âlden binne opromme; de huzen by it spoar binne fuort.
En dan binne we wer by de fraach: wat wól ien dy’t fjirtich jier lyn alles achter him litten hat, en wer weromkommen is omdat er it net ferwurke hat? Dêr krije we gjin antwurd op. De fraach wurdt sels oanskerpe: hat it wol sin om it ferline wer op te sykjen? We witte fansels net wat der bard wie as elkenien Hesling mei mear of minder iepen earms ûntfongen hie. Dat hie in hiel oar boek wurden.
Dy fraach fine we yn fariaasjes: ‘Alles wat ik ûntflechte, hat it bejûn. Iensumens oerfalt my by de gedachte: dat der gjin plak mear is foar wat ik mei safolle soarch bewarre ha. De haat dy’t ik myn libben lang yn stân hâlde, dy’t ik yn myn dreamen fuorre, mist ynienen alle grûn en bewiis.’(s. 78) of: ‘Of wol ik mysels pinigje? Wol ik trauma’s ûndergean, om wat lang lyn yn my stikken makke waard? Is it om it bern dat yn my fernield waard? Of wol ik bline haat woekerje litte by de graasje fan myn ûnskuld.’(s. 85)‘Wat ik sykje is yn skiednis oplost.’
We binne oer de helte fan it boek as Hesling yn dizze desperate sitewaasje sit. It is hjerst yn Dokkum, it docht oars net as waaie en reine.
En wat dogge jo dan as jo op in hotelkeamer sitte yn jo geboartestreek? Krijt men jinsels by de lurven? Mjit men jinsels in nije filosofy oan? Hinget men jinsels op? Of keapet men alle sneonen de deiblêden op syk nei in nije libbenspartner?
Ut it lead
Nee.
Dan giet men nei it streekargyf en dêr moetet men by tafal in frou dy’t froeger by jin yn ’e klasse sitten hat. Dy fertelt him daliks wêr’t Aukje keard is: nei Rotterdam. Mei in man. Fierder sykje hoecht net mear. Earder hienen we ek al lêzen dat Aukje yn de befrijingstiid al mear sin hie oan in Kanadeeske soldaat as oan Hesling en dat Hesling nei oanlieding dêrfan ek alris tocht hie dat er te earnstich west hie mei syn gedichten. Lykwols komt dy konstatearring jin wat rau op ’e mage, nei al dy siden oer syn teare leafde foar Aukje.
Fan dat stuit ôf feroaret de hiele roman. De haadpersoan is net mear de wichtichste persoan, it plak feroaret en de problematyk feroaret.
Want Lize hat er wol witten te reitsjen mei syn gedichten. Hy skynt ien kear in gedicht foarlêzen te hawwen yn ’e klasse, doe is se fereale op him wurden en mei in oare man troud, dêr’t se uteraard net hûndert prosint lokkich mei wurden is.
Myn probleem mei it twadde diel fan It lêste hûs is dat ik net earder lêzen haw dat Hesling eartiids yn ’e klas gedichten foarlies en dat der gjin Lize wie yn syn herinneringen. Al syn oantinkens geane werom nei de tiid mei syn heit en mem en de ôfgryslike húshâlding fan Muoike Anna en Omke Jelke. De skoalle komt der amper yn foar, allinne mar it feit dat Hesling ék fan skoalle ôf moat as Tiedeman der ôf moat. En fierder dat se inoar op skoalle gewurde lieten.
Yn it wiere libben kinst fan alles ferjitte, mar yn in roman moat soks wol even neamd wêze. En in kompleet nij romanpersonaazje akseptearet men as lêzer net sa gau as it boek al sa’n ein op streek is. Troch de hiel eigen problematyk fan Lize, rekket de roman út it lead. Mei de komst fan Lize wurdt Hesling minder belangryk. Lize is ien fan oanpakken en se noeget Hesling daliks mar út om by har te útfanhûzjen. It iene hege wurd folget it oare op. Ja, se wie eartiids fereale op Hesling en no wol se him mei hawwe nei Skylge. Se wol dêr stjerre want se is ûngenêslik siik. Sa bedarret Hesling yn de soarch.
Nij tema
It tredde diel spilet him ôf yn ’e winter, mei snie en kjeld op Skylge yn in húske sûnder al te folle gemakken. It behannelet de swiere problematyk fan it witten dat de dea kommendewei is. Eat dat neffens my better as haadprobleem yn in oar boek behannele wurde kinnen hie.
In gefolch fan sa’n let ynfoege persoanaazje is dat it identifisearjen net mear wol. It swiertepunt leit dochs wier by Hesling en syn leafde foar Aukje (dêr’t dus yn twa alinea’s mei ôfweefd waard). Sympatyk kin Lize net mear wurde, ek al is se noch sa siik. As se dan ek noch Ikkar, it Inuitfamke út Kanada dêr’t Hesling in relaasje mei hie wol trije kear leechachtsjend, ‘dy heale Eskimo’ neamt, wurdt it der net better fan. Fierder seit se oer dy relaasje: ‘Jim fertizen leafde mei seks.’ Hallo! Wat die se sels wol net? tink ik as ferûntweardige lêzer: trouwe mei ien dêr’t se net fan hâlde. Men kin it amper ferneare dat se in oardiel jout oer romanpersoanaazje Hesling. Want sa no en dan komt Hesling syn ferline ter sprake. Lize jout har oardiel: ‘Ik sjoch yn dy in oare man. In gefoelsminske. Do likest my ek net de persoan ta om alles achter dy te litten en te kiezen foar it rûge libben yn de wyldernis. Neffens my hast der noch muoite mei. Omdatst graach wold hiest dat de dingen oars rûn wienen, bist weromkommen om mei dysels en watst hjir achter litten hast yn ’t lyk te kommen.’ (s. 251)
Dêr’t Hesling ophâlden is mei syn prakkesaasjes: missy folbrocht, risseltaat nihil, giet Lize fierder. Mar se komt ek net folle fierder as: ‘(..) neffens my bisto dêr noait fan loskommen. Do woest it ferline ferjitte, mar it ferline liet dy net los. Wêrst ek kearst, oeral nimst dysels mei.’
Prompt hâldt Hesling as in echte man in ferhaal oer hoe’t er emigrearre is en dat er hast net oars koe as it rûge libben yn. As er seit dat er mei Ikkar mear gefoel en regelmaat yn syn libben krige, begjint Lize wer oer ‘de heale Eskimo’. It petear stiket wêr’t it earste diel ek hingjen bleau: by de konstatearring dat men letter net mear jins gelyk helje kin.
Dit is lykwols net mear it wichtichste. Dat is dat Lize stjerrende is. Lokkich is it net sa melodramatysk dat Hesling op ’e falreep fereale op har wurdt. Wol giet er mei har op bêd, as se al deasiik is. Ek giet er yn nacht en ûntij yn in sniestoarm mei twa gasflessen op ’e fyts troch de dunen: in echte spannende Alaska-sitewaasje. Ek sjout er har de trep op. En dat op syn leeftyd. Hy docht genôch foar har. Lize stjert op Skylge yn de earms fan de man dêr’t se har hiele libben langst nei hân hat en Hesling komt dernei yn har hûs te wenjen. Wat komt dit ferskriklik goed. Yn de epilooch stiet dat er sykjen bliuwt, mar hy spikeret in nije namme oan de muorre fan it hûs Ultima Thule: it lêste hûs.
Nederklits
Fansels binne der yn it lêste part wol dingen dy’t referearje oan it earste part, dêr’t it haadtema yn útset waard. Ek Lize hie it libben net brocht wat se derfan ferwachte hie. Mar dat is in frij algemien tema.
En men kin sizze: sa komt it dochs noch goed mei Hesling en krijt er in libbensbestimming dy’t er net ferwachte hie en wat is der moaier as leafde? Of wat is der moaier as freonskip, as dy leafde net fan beide kanten komt? En wat jout no mear foldwaning as mantelsoarch as men sels út it wurk rekke is? Mar it is en bliuwt in goedkeape oplossing om sa’n Lize op te djipjen as it ferhaal de haadpersoan al fierder nei ûnderen lutsen hat en rêding fier fuort liket. Trochgean op it tema hie konsistinter west: fêststelle dat it better west hie en bliuw thús.
Hingjen bliuwe yn de desyllúzje dat men soms gjin ferhaal helje kin op it libben, soe Van der Ploeg dat net oandoard hawwe? En dat it der no ienkear net like earlik foar elkenien om en ta giet, hie gjin (okee: min of mear) happy end oplevere, mar wol in bettere roman.
*
Durk van der Ploeg, Sykjend nei it lêste hûs (Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2004)
Boekhannel De Tille