Jetske Bilker
DE WRALD FAN ‘E GRUTTE MINSKEN
Impresjonistysk komponearre ‘ferhaleroman’ fan Aggie van der Meer
Wêrom skriuwt ien boeken lykas Untdekking fan ’e wrâld, frege ik my by de earste kear lêzen ôf. En hoe komt it dat in boek dêr’t de wrâld yn ûntdutsen wurde moat, folle behindiger is as in boek dêr’t de himel yn ûntdutsen wurdt? Want de titel fan dit boekje docht daliks tinken oan it grutte liifwurk fan Harry Mulisch, De ontdekking van de hemel (1992), en it kin dan ek net per ûngeluk wêze dat ien har boek sa’n titel meijout.
No is it boek fan Mulisch in hiel oar boek; wurdt dêr yn yn ien lang ferhaal en mei twa haadpersoanen it begjin fan in histoarje delset, dy’t de ûntdekking fan de himel ynliedt, yn it boek fan Aggie van der Meer is sa gau gjin reade tried te ûntdekken. Oan ’e ein derfan wurdt ek net in wrâld ûnthuld sa as yn de ûntdekking fan de himel.
Untdekking fan de wrâld wurdt wat dizenich in ferhaleroman neamd. Wat is in ferhaleroman? De haadstikken foarmje gjin ferhalen op harren sels. Miskien hawwe skriuwster en útjouwer foar de beneaming keazen omdat men yn dit wurk net sa gau in trochgeande ferhaallijn fine kin. Mar mear foar de hân leit dat de skriuwster hielendal gjin roman skriuwe wollen hat, mar in autobiografyske en impresjonistyske komposysje delsette woe, sûnder bûn te wêzen oan wetten fan hokker sjenre dan ek. Dizze skriuwster lavearret faker tusken de fêstleine sjenres troch, tink oan har ultra-koarte ferhalen, dy’t ek wol proazagedichten neamd wurde. Yn alle gefallen krijt se de lêste jierren in hiel eigen plak yn de Fryske literatuer en meie we bliid mei har wêze!
Losse waarnimmings
Om te sjen wat har doel wol west hat, moat men jin as lêzer hielendal oan it boek oerjaan, en it mar oer jin komme litte. Men kin daliks wol ophâlde mei út te finen wêr’t it oer giet, of wêr’t alles op slacht, want dy dúdlikheid krijt men net. It binne feral losse persoanlike en assosjative gedachten dy’t allegearre ien basiskearn hawwe: de ûntdekking fan ’e wrâld. Sjoch nei in stik as:
‘Us heit slipe al ús potleaden en fiske in wesp út ’e ranja, dy’t er letter mei syn bûsskjirke trochknipte. Us mem dy’t nei de bakker Van Dijk soe, sei: ‘Doch dat no net.’ Bakker Van Dyk wosk noait syn hannen as er taarten makke, mar fage se hieltyd oan in doek ôf.
‘Syn frou,’ sei ús mem, ‘komt út Dútslân.’
Dútslân, dat hearde der fansels ek by. By de wrâld. It waard hieltyd mar mear. (s.9)
Waarnimmingen as dizze foarmje fierwei it grutste part fan it boek. Se wurde net ferklearre. Der wurdt net útlein wa wa is (dat moatte jo oan de nammen sjen, lykas hjir: de bakker en syn frou) en hoe’t elk yn relaasje mei elk stiet. De measte neamde minsken komme ek net werom. It mei lykje as ferûnderstelt de skriuwster alles by ús bekend, mar eins dogge al dy lju dêr’t de ‘ik’ oer skriuwt, der net ta. It giet om de waarnimmings fan wat minsken, mar ek bisten dogge. Dy waarnimmings foarmje de boustiennen fan de op te bouwen wrâld.
Yn it earste en twadde part, as de ‘ik’ bern en puber is, binne de waarnimmings moai en werkenber. Se drage werklik by ta it opsetten fan in wrâldbyld. It is fansels ek net in maklik tema: hoe wurdt jins idee fan de wrâld makke? Weromgean nei de wrâld yn in berneholle, as jo yntusken sels al oantangele sitte mei al dy ideeën fan hoe’t de wrâld der útsjocht as folwoechsene. In soad lytse dialoochjes drage der ta by:
‘Haw ik wolris in deasûnde dien?
‘Nee, bern kinne noch gjin deasûnde dwaan.’
‘Mem wol?’
‘It soe kinne.’
‘No, dóch dan ris ien.’
It like Tsjep en my moai ta, mar ús mem die it net en ús heit hie der ek gjin nocht oan.
Ek de spultsjes fan it famke mei har freontsje tsjoene ús in bernewrâld foar:
‘Esso-esso,’ rôp Tsjep, ‘seerôvers. De motor op syn hurdst.’
Dat die ik. Tsjep stjoerde en seach hieltyd achterom.’
Stadich livet se dy wrâld yn. Dat is de iennichste gearhing dy’t der yn ’e earste twa dielen te finen is. Tsjep is har freontsje, en it is net dúdlik oft dat in sabeare freontsje is of net. Oan ’e ein fan it twadde diel nimt se ôfskie fan Tsjep. Yn it tredde part nimt Kiif, de twifel dy’t har altyd begeliede sil, it plak yn fan Tsjep. In soarte fan alterego, ien dy’t har tsjinwicht en krityk jout.
Impresjonistyske wrâld fan it folwoechsen wêzen
Wie it boek oan no ta noch te folgjen troch de neifielbere bernegedachten, yn it tredde diel moat men deagewoan stopje mei it sykje wollen nei in ferhaaltried. Miskien ûntbrekt de tried omdat dy wrâld der dan al hinne leit sa as er is. Op impresjonistyske wize wurdt de ûntdekte wrâld delset. En dat is fansels net de ientsjuttende, klopjende wrâld dy’t it famke har der yn de earste twa dielen fan foarsteld hie: de wrâld blykt in boek mei slanters. By ‘slanters’ yn it wurdboek stiet as fjirde betsjutting: ezelsoor (aan stuk papier). Dat kin betsjutte dat de wrâld foar de folwoechsene foar him al sa’n bekend gegeven is, datst him net mear hoechst te ûntdekken: ‘dy en dy siden fan ‘e wrâld lês ik it leafst, dêr gryp ik altyd nei werom.’It kin ek betsjutte dat de nijens fan ‘e te ûntdekken wrâld derôf is, in bytsje snuosterich, lykas in nij boek der net mear moai útsjocht as elkenien it lêzen hat.
Yn alle gefallen falt it ferskil tusken it earste part (de berne- en jongereintiid) en it tredde (de folwoechsentiid) wat de lêsberens oanbelanget, no makliker te ferklearjen. Ien kear yn dy folwoechsenwrâld telâne kommen, blykt it in wrâld dêr’t alles op jin oankomt. De werklikheid is diffús. Ien en ien is net automatysk twa. Dat hat Aggie van der Meer yn de foarm fan dit tredde diel oerbringe wollen.
Falt der dan neat te begripen yn dit tredde diel, it boek mei de slanters? Jawol, mar it bliuwe slaggen yn ’e loft. Sa wurdt der yn metafoaryske bylden skreaun oer froulju, wat men lykstelle kin mei it opkommende feminisme fan de jierren sechstich en ek miskien wol mei in persoanlike emansipaasjestriid. Soms liket it oer in partner te gean. In oare kear oer in bern of bernsbern. Hiel soms is der in superkonkreet stikje, as de ‘ik’ mem is fan in húshâlding. It haadstik ‘petearen om ’e lange tafel’ begjint sa:
‘We hawwe in flapear sjoen.’
‘Ite we no al wer soerkoal?’
Yn it tredde diel wurdt fan in soad tradisjonele tinkbylden ôfskie nommen. Frij tinke is yts dat boppe driuwen komt yn de petearen fan ‘ik’ mei Kiif.
Wat moat ik mei in oar syn herinneringen?
De ûntdekking fan ’e wrâld die my tinken oan Gesloten huis (1995) fan Nicolaas Matsier, dêr’t in soan it hûs fan syn ferstoarne mem oprommet en fia de foarwerpen dy’t er foarbykomt, en fia syn tinken oan syn bernetiid ek syn folwoechsen wêzen beskriuwt. It gefaar fan sokke oantinkens oan ’e bernetiid is dat it te partikulier bliuwt. It is hast egodokumintaasje. Soms lijt it boek fan Aggie van der Meer dêr ek oan. As se te min ferklearret, as net dúdlik wurdt wat de reden is fan it opheljen fan bepaalde herinneringen, as der tefolle nammen yn foarkomme dy’t letter net mear weromkomme, hawwe jo wolris it idee: wêrom moat dit yn in boek? Wat moat ik hjir mei? Lit har ris wat dúdliker wêze. En neam it dan autobiografy. Ik haw myn eigen oantinkens wol. It is of hat se it ultym-persoanlike feralgemeniseare wollen en sa ûntstiet der in spanningsfjild tusken it anekdoatyske en it universele. It is in spanning dy’t earder hearsket by poëzij, wêrby’t it anekdoatyske faak de kwaliteit yn ’e wei sit. Ek hielendal oan ’e ein fan it boek kipet dit gefaar om ’e hoeke: ‘Ik haw wurden leard, sinnen, skreaun, peteare mei wa’t ik woe. Mei de iene buorman oer syn toerswel-ûnfreonlik dak en mei de oare oer it gelok fan piterseeljeflearren. Mei de biskop oer heilgoed en seine (...).’ Dan giet it wer mear de kant op fan in autobiografy.
Heldere styl
Mar dan haw ik it oer ien ding noch net hân. Want wat poëzij faak úttilt boppe dat anekdoatyske en der foar soarget dat oare minsken der ek wat oan hawwe, is de kwaliteit fan it fers, de styl. En dat is hjir ek ûnmiskenber it gefal. Aggie van der Meer skriuwt helder, to the point, gjin wurd te folle. Dochs krijt men in goed tiidsbyld foar jin troch dizze lakonike opsommingen fan gebeurtenissen. Lês dit mar, as se nei de earste klasse giet en it ûnlogyske ûnderwiissysteem dêr’t net folle omtinken wie foar it yndividu nei foaren komt.
‘De earste dei wie spannend. Juf Regnery stie mei in plaat foar it liif, mar wy seagen allinne de achterkant. Doe mochten wy riede watfoar dier derop stie. It wie in aap. Wy krigen de letterdoaze út ús kastkes en op in richeltsje mochten wy in A en noch A en in P lizze. Ali de Jong begûn doe te gûlen en alle kearen as wy letter de doaze pakten die se dat wer.’
En letter, as se folwoechsen oan it wurden is, beskriuwt se de frijheid sa:
‘Alles feroare en alles koe oars en ik tocht dat elkenien der bliid om wêze soe. Doe koest op bêd wannearste sels woest, sparrebeantsjes koest likegoed oan ien kant kopje, do giest ek wolris net nei tsjerke en allinnich dyn mem sei der wat fan ast in hiel wykein net ôfwaskest, mar it wie net nedich om dy der wat fan oan te lûken.’
Dit boek hoecht men net te lêzen om it ferhaal. Feral it tredde diel is wat dat betreft dreech. In soad lêzers sille it dan ek op in stuit oan ’e kant lizze, omdat it kausaal ferbân tusken de fragminten hielendal ûntbrekt. Ek de ik-persoan krijt men net folle hichte fan, dat fan identifikaasje is sawat gjin sprake. Nim dêrby ek noch it ûntbrekken fan spanning en men hoecht net mear te rekkenjen op in grut lêzerspublyk.
Spitigernôch is in moaie en eigen styl gjin garânsje foar in bestseller. Mar dat hoegde it wierskynlik ek net te wurden. It boek is as in dichtbondel dy’t men op jin ynwurkje litte moat. In keunstwurkje, net om te ynterpretearjen mar om fan te genietsjen.
*
Aggie van der Meer, Untdekking fan ’e wrâld (Frysk en Frij, Ljouwert 2004)
Boekhannel De Tille