Eric Hoekstra
FRIS EN FITALISTYSK
De emosjonele dynamyk fan Riek Landman
Lang om let wer ris in boek dat ik yn ien nacht útlies! It is in goede saak dat In sterke frou yn de romrofte Merkelrige fan de Friese Pers werprinte is. Opfallende foarmaspekten fan it boek binne dat der in protte dialooch yn sit – bytiden is it hast in toanielspul – mar ek dat it net út ien perspektyf wei skreaun is. It effekt fan dizze foarmaspekten is dat it boek folle libbener is as in gewoan ferheljend boek, dat boppedat trochstrings in fêstset perspektyf hat.
Frjemdgean mei
In sterke frou giet oer in mem en in dochter, dy’t lykas wy allegearre wrakselje mei harsels en it libben om it better belibje te kinnen. De mem, Wobs, is stjerrende. Omdat se lang lyn út sosjale ambysje de ferkearde, Bartele, troud hat, is se nei de bern ta slettener west as oars wêze kind hie. Dat is fan dy gefolgen dat de bern ek wat nei it stive útskaaie, sawol de emigrearre soan Sybren as de dochter Maaike. Beide binne wurkferslaafden, no nonsense types, dy’t hiel bot op harsels steane. Sa wie ek de heit, dy’t yn it boek net mear libbet. Sybren hat in byrol yn it boek, mar dochter Maaike en mem Swob komme wiidweidich oan bod.
De dialogen binne fris en fol faasje. It boek lêst as in trein. Mem en dochter besykje wol wat iepener te wurden, mar it slagget net. De ferbining tusken beide sil pas ta stân brocht wurde troch in wat froulike jongeman, Nico, dy’t wat fereale wie op it hurd-manlike yn Maaike, en der letter achter komt dat er H is (homo), mar dat lêste giet it boek net oer. Wol is Nico wichtich as terapeut. Tsjin him fertelt de sike mem har geheimen. Sa komme wy derachter dat de stjerrende frou nei har fjirtichste in ferhâlding mei in jeugdfreon, Goffe, hân hat, sûnder dat dat har beider houliken bedrige. De skriuwster giet in spetterjende en dochs diskrete sekssêne net út ’e wei. Sels de humor ûntbrekt dêr net:
(Sy) ‘Ik fiel my lokkich oant yn myn dikke tean. (..) Do makkest my sa lokkich.’
(Hy) ‘Soest dan no dyn neilen út myn rêch helje wolle.’
Sels as âlde minskjes ha se dy geheime ferhâlding noch. As âlde frou beseft se dat âlde minsken likegoed en likefolle eroatyske fiellingen ha as rimpen jongfolk, en ik fyn sa’n ynsjoch wol ûntroerend, want dêr hearst allegear popy-jopy boeken likemin oer as ferheven literatuer.
Dit hast libbenslange frjemdgean mei deselde (o frjemdgongerstrou!) hat gjin inkeld effekt op de relaasjes dy’t beiden yn har matige houliken ha. Wobs hat frede mei har houlik en har ferhâlding dernêst. Se begeart ek net oars, se is kontint dat it sa west hat. Want at de frjemdgongers troud west hiene, hiene se dan gjin sleur hân?
‘As wy destiids troud wiene, dan hiene wy dit net hân.’
‘Dat mienst net, by ús wie it in feest bleaun.’
‘Sa’t wy it dien ha, is it yn alle gefallen in wûnder bleaun, alle dagen in gebakje is neat bysûnders. (..) Dat bysûndere gefoel kin der net hieltyd wêze. Sa no en dan in skoftke, dat is al in hiel soad. Ik wol tinke dat wy in goede kar makke ha.’
Dit is moai. Alle klisjees yn drama en moraal om it frjemdgean hinne wurde mijd. Der is gjin spyt, gjin sûnde, gjin straf, en der is ommers ek neat ferkeard dien neffens de leavers Swob en Goffe. Fansels, dêr kin oars oer tocht wurde, mar it kin ek sa as yn dit boek. En dit stânpunt is moediger, want seldsumer, as de wenstige klisjees.
Dat docht my tinken oan in oar boek dêr’t frjemdgean in grutte rol yn spilet, in ynternasjonale bestseller, en dy’t dochs hûndert kear ynferieur is oan In sterke frou. Ik bedoel The world according to Garp, dêr’t auteur John Irving de boadskip útdraacht dat de man byneed al frjemdgean mei, de frou net, en dêr’t de frjemdgeande frou daalks straft wurdt troch de auteur mei in wearzich auto-ûngemak, dêr’t ik de leffe details net fan jaan sil. Literatuer is ek altyd in refleksje fan de auteur syn filosofy, syn noarmen en wearden, fan de moed en de oare eigenskippen fan syn aard.
Homoterapeut
Dochs giet it boek net op it foarste plak oer dy leafdesrelaasje nêst it houlik (frjemdgean is eins gjin goed wurd, want dat suggerearret wat koarts). It giet meast oer de dochter en de mem. De dochter is wat stiver as de mem. Se stiet mear op harsels en kin har minder goed by groepen en gesellichheid jaan. Gewelddiedige gefoelens hat se ek. Nei in emosjoneel petear mei Nico ramaait Maaike troch diggels hinne, bliedt, mar se ferset har tsjin it silich wêzen. As Nico, de oarsaak of leaver de terapeutyske bringer fan skokkend nijs, har dan helpe wol, kin se him wol slaan: ‘Se fielt dat er har oerein helpe wolle soe. Se woe dat er it die, dan soe se him fan har ôfslaan kinne.’
Fansels kriget de dochter oan de ein fan it boek ek wol wat hoop op in relaasje. Opfallend is dat de mem en de dochter net mei-inoar direkt emosjoneel kontakt krije. Beide krije dat mei Nico, foaral de mem. De dochter fynt dus net út, dat de mem sa’n relaasje nêst it houlik hân hat. Dêr komt noch in moai foarbyld fan irony achter wei. De mem besiket de dochter de skientme fan leafde en relaasje sjen te litten, troch yn abstracto dy saken te ferhearlikjen. De dochter reagearret dan mei: ‘heit hie fansels ek syn goede kanten’. Ja, mar mem hat it net oer heit. Nico wit al hoe’t it sit. Nico is in soarte fan katalysator foar mem en dochter beide, dat se har as minske wat better ûntjouwe.
Der is wol krityk op it boek te jaan. De relaasjes, de petearen ha soms in sterk terapeutysk karakter. (Mar sa kin it yn it echt ommers ek wêze; en literatuer is sawol deskriptyf as preskriptyf, dat makket it sa nijsgjirrich.) De dialogen binne hjir en dêr wat keunstmjittich yn ’e sin fan dat de haadpersoanen folle mear op it doel rjochte binne yn har fragen as de measte minsken fan fleis en bloed. De krityk soe wêze kinne dat de haadpersoanen tefolle fleis en bloed ha. Mar dat deart it boek net. Want de ûntjouwingen tusken de persoanen wurde mei safolle faasje trochset, der komme sa gau wer nije ûntjouwingen nei foaren, dat de lêzer gewoan meinommen wurdt yn it boek as op in hynder. It is in tige frisse en fitalistyske roman, dy’t gjin momint ferfeelt. En dêrby is it ek noch in boek dat troch elkenien lêzen wurde kin. It is knap om in boek te skriuwen dat ûnkonvinsjoneel is en dochs tagonklik.
Fitalisme
Ik realisearre my ek dat In sterke frou ta in beskaat sjenre heart, in sjenre dat as formele skaaimerken hat dialooch en perspektyfwikseling, en dat ynhâldlik foaral oer feroaring fan emoasje en ynsjoch by de haadpersoanen giet. De dramatyske, emosjonele ynteraksje tusken de persoanen bringt it ferhaal fierder en hat as doelen selskennis en libbenswille.
Der binne oare auteurs dêr’t ik deselde skaaimerken weromfyn. Op Fryske boaiem die de sfear yn In sterke frou my tige tinken oan U.G. de Jong syn boek De helper. Libbe Leistra hat yn syn wurk ek wol wat fan dat frisse fitalisme wei. By de Grinslânske skriuwster De Haas-Okken ha ik deselde sfear preaun. By de Dútske romantikus Adalbert Stifter fine wy deselde emosjonele yntinsiteit werom, al hat dy krekt net in protte dialooch.
De sfear docht ek tinken oan de toanielstikken fan Oscar Wilde en oan de flottere sênes út wurk (Van oude mensen en de dingen die voorbij gaan) fan Couperus. By al dy skriuwers kin deselde faasje fûn wurde, deselde dramatyske ôfwikseling fan emoasjes, itselde frisse fitalisme útdrukt troch dynamyske dialogen. Wat in ferademing is dit boek, dat fierhinne oarekant fan konvinsjoneel goed en kwea skreaun is. In foltreffer foar de Merkelrige, oars kin ik it net sizze.
*
Riek Landman, In sterke frou (Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2004; earder útjûn yn 1995)
Boekhannel De Tille